SDS League: "Sytycops" bliuwe oan kop!

Weppers tongersdei 22-3
21 maart 2012
Weppers freed 23-3
22 maart 2012

Marije de Vries oakt dizze wike op ‘e nij de wykpriis mei “Parel 2”. Dit kear moat se de wykpriis allich al diele. Net mei Eeltje dizze kear, mar mei ien fan de wepmasters dy ’t mei “Hey Ho, Let ’s Go” goeie saken docht. Hy hat dan ek Velthuizen(8), Vertonghen(13), Vlaar(8), Nuijtinck(8), Kwakman(0), Martens(3), Vormer(1), Asare(3), Mertens(10), Dost(1) en De Jong(1) yn je team.

“Sytycops” fan Sytze Kooistra stiet ek dizze wike noch boppe-oan yn de SDS League.


Hoe better it mei PSV giet, hoe minder as it mei “Boeruhhh Eindhoven” fan Harm-Auke Dijkstra giet. Hampie sakket dizze wike fan 8 nei 25.
Mocht it oarsom ek sa wurkje dan mei “Boeruhhh Eindhoven” om ús de SDS League wol winne…….. 

“W.I.B.D.M.” fan Bauke Dijkstra docht it dizze edysje stikken better as de foarige. Doe waard hy stiif lêst en no stiet hy 17e nei foarige wike noch 32e stien te hawwen.

Dooitze Nauta kin dizze wike de nijste stân wer op ‘e kop hâlde. Hy stiet mei “Meastal Boppe-oan”(as je de ranglist op ‘e kop hâlde) wer stiif lêst.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 6.