Weppers tongersdei 22-1

SDS-sealtoernoai senioaren, A’s en sealfuotballers!
22 januari 2015
Keunstgêrs foar SDS!
22 januari 2015

Oefenje
SDS 2 sil kommende sneon oefenje. Sy spylje om 14.30 yn Ljouwert op keunstgêrs tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2.

Oefene
SDS 1 hat ôfrûne sneon oefene tsjin VV Opende. Ek dizze wedstryd eindige yn 1-1. Dirk de Jong skoorde foar SDS.

Kompetysje?
Wy witte net as it kloppet, mar foar de froulju fan SDS Vr.1 stiet foar kommende sneon de earste kompetysjewedstryd ek alwer op it programma. Sy meie sneon om 14.30 út tsjin de froulju fan Dronryp Vr.2.

SDS 2 de seal yn
Jûn om 21.00 oere giet SDS 2 de seal yn. Fansels nimme se in eurootsje mei. Hjirmei riede sy harren al hielendal ta op it SDS-sealtoernoai fan kommende sneon.

SDS-Sealtoernoai
Kommende sneon 24 jannewaris is der wer it jierlijkse SDS-sealtoernoai foar senioaren, sealfuotballers en A-junioaren. Ek âld-SDS’ers binne wolkom.
It toernoai begjint om 19.00 oere yn sporthal de Greidhoeke yn Easterein. Opjaan hjir foar kin
hjir.
Tusken de wedstriden troch kin der genoaten wurde fan SC Cambuur – PSV (fanôf 18.30) en SC Heerenveen – Vitesse op it grutte skerm.
Ynmiddels hawe al sa ’n 25 lju harren opjûn, mar der kinne noch wol mear by!

Âld-SDS-Sealtoernoai?
It SDS-sealtoernoai begjint stadich oan ek op in soarte fan reuny te lykjen. Sa dogge û.o. de âld-SDS’ers Jacob van Wieren, Arjen Los, Freek Tichelman, Jelle de Jong, Martin Rienstra, Remco Piek, Evert-Ane Abma en good-old Gerrit Hingst mei.

SDS-sealtoernoai foar de B’s
De B’s hawwe kommende sneon ek harren jierlijkse sealtoernoai. Dit is fan 9.00-13.00. De mannen fan de B1 en B2 kinne harren
hjir opjaan.

Fan herte lokwinske!
Alleskinner Enne Jehannes Bruinsma is hjoed jierdei. Fan herte lokwinske! Jim kinne him sneontejûn allegear lokwinskje op it SDS-sealtoernoai wêr ’t hy fluitsje sil.


Matchfixing by SDS?
SDS 1 hat no yn de tarieding nei de twadde helte fan it seizoen al 2 kear mei 1-1 lyk spile. Wy freegje ús ôf as dit te krijen hat mei matchfixing. Neffens striker, en Stienser, Dooitze Nauta yn elts gefal net. Dochs opfallend dat hy al wol wit wat SDS 1 op 3 febrewaris docht yn de oefenwedstryd tsjin SC Stiens; “Dat wint Stiens……..!”

Peppi & Kokki
“Heit, ik kom eins altiten knap op tiid”
“Dat kloppet keardel , mar dat komt omdasto te betiid berne bist”
“Dan is Mark seker ûnferwacht berne?”
“Hoe dat?”
“Dy komt altiten ûnferwacht…………..”

Wa kin helpe?
Der binne fêst lju dy ’t it wol wat liket om
dizze mannen sa no en dan ris efkes te helpen.

Harsens derby (1417)
Toet, toet!!