Weppers tongersdei 21-7

Ferslach WK 20-7
20 juli 2016
Keunstgers wurdt lein
23 juli 2016

Tegelje
De ôfrûne wike binne der wer hiel wat tegels te plak lein rûn it nije keunstgersfjild. Wy binne dan ek oan de lêsten ta. Dizze wurde sneon lein fanôf 8.00 oere. Mei in man of 6 moat it binnen twa oerkes beslikke wêze. Kom ek!

SDS Vr.1
Paul Walstra sil kommend seizoen op ‘e nij SDS Vr.1 traine. Paul soe der mei stopje, mar no ’t SDS net in nije trainer foar de froulju fine koe en de froulju oanjoegen graach wer mei him fierder te wollen is Paul wer foar de groep kommen. Hy hat der in bult nocht om de froulju fierder te bringen yn de 4e-Klasse en miskien sels wol nei de 3e-Klasse. De kans is dan ek grut dat de froulu de earste training der al wer op sitten hawwe.

Wommelser kampioenskip
Fannejûn wurdt der wer fuotballe op it skopfjild yn Wommels. It begjint om 19.30 oere.

Jongfeintepartij
Woansdei is der yn Easterein wer keatsen mei de jierlijkse Jongfeintepartij. It begjint om 10.00 oere. In moaie gelegenheid om lyk efkes by it nije keunstgersfjild te sjen tochten wy sa 😉

Harsens derby (1734)

No al in klassiker!