Weppers tongersdei 20-5

Clinic Maarten de Jong
19 mei 2010
Weppers freed 21-5
21 mei 2010

Seizoensôfsakker
It 1e en 2e sille jûn samlik de lêste training fan it seizoen ôfwurkje. We begjinne om 19.30 oere. It soe moai wêze as der in soad minsken kamen. Sawol foar Klaas as Dick is it de lêste trainingsjûn by SDS. De kantine is iepen dus nei it trainen geane we net lyk nei hús.
Wa ’t net trainen giet wurdt om 21.30 ferwachte om mei in bierke efkes it seizoen ôf te slúten

Dochter en heit

De heiten fan de Da2 moatte tiisdei oan de bak. Want sij binne útdage troch de dochters. It hjir bij behearende printsje seit genôch. Wij binne foaral benijd nei de prestaasjes fan Enne Bruinsma, Feike Jorritsma, Haaie Stoffelsma en de sûnt it Skylge toernooi fan 2009 blessearre Jacob Plantinga.

Gjin trainen mear
Der wurdt net mear traind troch SDS 4, 5 en 6.
Ids

SDS F3 – Workum F5
Tefolle kânsen mist sei de koach nei ôfrin. Net echt tefreden mei de 3-3.

SDS E4- jv Bolsward E4
E4 joech hiel goed partij tsjin de koprinner. Krekt foar tiid wie it 1-2. Wij nimme oan dat it sa bleaun is.

NOK F1 – SDS F1
Vandaag de een na laatste wedstrijd van F1 en wel tegen NOK F1. Op deze mooie zomerse avond hing er tocht wel spanning in de lucht. Met de wedstrijd van afgelopen zaterdag nog in het geheugen (9-2 om de oren) wilden de jongens vandaag scoren. De eerste helft, bleef na kansen aan beide kanten, doelpuntloos. Wat wel opviel was het grote aantal ballen van onze jongens op de lat. Halverwege de tweede helft eindelijk een doelpunt (Sjoerd) en al snel een tweede.(Sjoerd) Toen kwam NOK terug en werd het 1-2 en bijna werd het 2-2 maar SDS herstelde. In de laatste vijf minuten werd  nog snel de eindspurt ingezet en werd er nog drie keer gescoord (Sjoerd,Kent,Sietze)
Eindstand 1-5


Blauhûs F2 – SDS F4
SDS F4 joech goed partij, mar krige mar gjin kânsen lykas Blauhûs. De earste kâns foar SDS gie deryn. Spitich genôch al yn eigen goal. De twadde helte wie koprinner Blahûs gewoan sterker en rûn út nei 5-0.

Fluiter
Ek by de F’kes wurdt al goed letten op de skiedsrjochter. De keeper fan F4, Kevin Den Haan sei juster: “Ik hoopje net dat wy sa ’n thuisfluiter hawwe”.

Oerskriuwe
It wie altiten sa dat as je fan feriening wikselje woenen je je oerskriuwe moasten foar 31 maaie. De KNVB sjocht yn dat troch it lang trochgean fan de kompetysjes it wat krap dei wurden is en hat de datum no ferskoot nei 15 juny.

Keeper socht!
Freed is fanôf 16.30 de slotjûn foar de jeugd. Der sil ek penaltysjitten wurde troch de jeugd. Om ’t der hast net in keeper kin is ien fan de wepmasters(degene dy ’t wolris in pingel mist…..) frege om te keepen. Fansels hielendal gjin probleem, mar mocht der no dochs noch in échte keeper wêze dy ’t moarn penaltykeepe kin dan mei dy wol efkes maile nei
info@vv-sds.nl.

Wommelser Kampioenskip
Jûn is der gjin WK en ek kommende (Pinkster)moandei wurdt it neat. Jim sjogge hjir noch wol efkes wannear it dan wurdt. Miskien tiisdeitejûn 20.00 op ‘e Terp?

Champions League-finale
SDS 5 giet sneon barbeknoeien en in bierke drinke en soe dan moai om 16.00 efkes de Champions League-finale tusken Bayern München en Inter Milan sjen. Dat kin noch wol, mar it begjint hielendal net om 16.00, mar om
20.45. Mar goed ite………

Harsens derby (215)
It sealfuotbaljen is al dien fansels mar dizze skitterende goal fan Falcao woenen wy dochs efkes sjen litte:



Letter mear!