Weppers tongersdei 2-6

Foarloapige yndieling jeugd 2016-2017
1 juni 2016
Doelpuntenklassemint
4 juni 2016

Neikompetysje
SDS is klear mei it kompetysjefuotbaljen, mar dat jild net foar alle oare klups. Sa is de neikompetysje yn inkelde standaardklassen noch altiten dwaande. Sa is der gjin Slachtemarathon foar de spilers fan û.o. Heeg, Stiens, Heerenveense Boys en ONT. Dizze wedstriden binne der sneon û.o. te ferspyljen:
Fan 2e nei 3e Klasse
sc Stiens – Heerenveense Boys
ONT – vv Groningen
Fan 4e nei 3e-Klasse
Heeg – RWF
Tollebeek – Oudehaske

SDS 1 uitje
SDS 1 sil moarn mei de hiele seleksje en staf nei de tennisferiening yn Easterein om it seizoen passend ôf te slúten.

Jelle Eijzinga-toernoai
SDS A1 docht sneon mei oan it Jelle Eijzingatoernoai yn Berltsum. It begjint om 10.00 oere. Sjoch
hjir foar mear ynformaasje.

Bekerfinale
Sneon spilet ONS E1 yn de bekerfinale yn de Jouwer tsjin ACV 1, Drachtster Boys E1 en Zuidhorn 1. It begjint om 13.15 oere. Ek foar SDS’ers de muoite wurdich om efkes te sjen tochten wy sa, want by ONS E1 sitte de SDS’ers Arjen Stremler en Jesse de Vries. Wy winskje harren in bult súkses sneon!


Kantine
Foar fan ’t simmer wurdt der noch socht nei barpersoniel foar yn de kantine. ’s Winters helpt de KF SDS om genôch barpersoniel efter de bar te krijen en miskien kinne wy as SDS de KF no wat stypje as barfrijwilliger. Op de folgende data wurde der noch lju socht:
1 july fan 16.00-19.30
(Boeren-PC)
27 july fan 16.00-19.00 en fan 19.00-22.30 (Jongfeintepartij)
28 aug. fan 11.30-15.30 en fan 15.30-19.30
(De Jong-partij)
Liket it jo wat mail dan
nei Sjoukje.

Sljocht op SDS op Spotify!
It
klupliet fan SDS is no net allinnich op Youtube en de SDS-side te finen, mar ek op Spotify, Deezer, Apple-Music en miskien sels wol yn de I-Tunesstore! Op nei de Fryske Top-100!

Midsimmercup
Y.f.m. de iepen dei fan it fleanfjild yn Ljouwert (?!) is de Midsimmercup yn Dronryp dit jier pas op sneon 17 juny. Spitich genôch slagget SDS der mei dêrtroch net yn om in team byinoar te krijen. Dat wol net sizze dat je der net efkes sjen kinne fansels. It is wier de muoite wurdich. 

Ôfskiedswedstryd Anne Brouwer
Freed 10 juny is de ôfskiedswedstryd foar Anne Brouwer tusken SDS 1 en âld-SDS 1 gearstald troch Anne sels. It belooft in hiel spektakel te wurden. It soe moai wêze as jim manmachtich komme. De wedstryd begjint om 18.00 oere. Nei de wedstryd wurdt Anne yn it sintsje setten en is der in barbecue. As je meibarbecue wolle dan kinne je je opjaan mei help fan
dit formulier. It kostet €10,- p.p.

SDS EK-League
Meitsje it EK dochs noch leuk troch mei te dwaan oan de SDS-EK-League! It kostet mar €10,- en je krije der in soad wille foar werom. Je kinne der
hjir alles oer lêze. As je in formulier yn de bus hawwe wolle jou dit dan efkes troch oan Aant of Willem. Der lizze ek formulieren yn de Jimbar.

Harsens derby (1720)
“Tikkie werom, Jaap!”