Weppers tongersdei 2-2

Weppers woansdei 1-2
31 januari 2012
SDS League: Doch ek mei!
2 februari 2012

SDS 1
Jûn nei de sportskoalle yn Ljouwert. We gean om 19.00 oere fuort, we starte om 19.30 oere. Foar sneon krije jim jûn noch berjocht fan Jaap.
Groetnis,
Marco

Nije trainer SDS 2
Marco Hoekstra sil nei dit seizoen Johan Faber opfolgje as trainer fan de B-seleksje. Marco is op dit momint assistent-trainer by SDS 1 en hat earder û.o. SDS A1 traind.


Berjocht fan de 2-J’s
De B en C selektie gaan vanavond spinnen in Wommels 20.15
Jan en Johan

Kantine jûn ticht

De kantine is jûn NET iepen omdat der sneon net fuotballe wurdt en omdat de A, B en C-seleksje tongersdeitejun yn ferskillende sportskoallen sitte.

Pieter Kamstra


SDS-Clinic E-pupillen
Zaterdag 4 februari is er een toernooi voor de E-pupillen van 9.00 tot 12.00 in de sporthal de Greidhoeke . Je kan je via deze link opgeven. Opgeven kan tot donderdag avond 18.00 uur. Geef het door aan je klasgenoten of je vrienden.

Sneon
Gjin fuotbal dit wykein, mar miskien wol reedriderswaar.

Kaarte

In berjocht foar kâldklommers, skythakkers, bangeskiters, kaartleafhawwers, pylkjesmiters en oar folk: Kommende sneon is der om 13.30 oere klaverjassen en darten yn de kantine. It soe moai wêze dat jim manmachtich komme. Ek hjir is poeiermolke oanwêzich. 

SDS League
As alles goed giet dan kinne jim hjir fannemiddei de nije formulieren fan de twadde helte fan de SDS League fine.

Roekrock
Wij kinne it net litte, want wij binne entoesjast oer it programma, om jim opmerksum te meitsjen op Roekrock. Kommende sneon yn Weidum. It net mislike programma is
hjir te sjen. Taksikoordinator Sjoerd van Beem hat de earste taksy al fol út Wommels wei.

Gerrie Young
Foar de leafhawwers fan Neil Young is der kommende snein in optreden fan Gerrie Wolthof yn Jimbar. Begjin 2011 wie hij der ek al en der wiene doe safollee minsken dy’t it him graach nochris heare woene yn Wommels. It begjin om 16.00 oere en jim hawwe hjir al fêst in
foarpriuwke.

Harsens derby(675)
Ho!