Weppers tongersdei 19-9

Jeugd technyktraining
17 september 2013
Weppers freed 20-9
19 september 2013

Programma 21 septimber
SDS 1 spilet sneon om 14.30 thús tsjin Minnertsgea 1. De rest fan it SDS-programma foar sneon kinne jim hjir sjen.

Fan herte lokwinske!
Floris Hiemstra is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske! 

Allegear wite konfetti op Floris syn jierdei!!

Ek jierdei
Neffens Pieter Veenje, lieder fan SDS Vr1 is de lieder fan SDS Vr1 hjoed ek jierdei. Fan herte lokwinske

Goed slagge
Foarige wike is de trainer fan SDS 2, Broer-Wiebe de Ringh, oan syn knibbel opereard. Neffens de dokter is de operaasje goed slagge. De knibbel seach der fan binnen goed út. Der siet allinnich in lyts flutterke op de knibbelskiif. Dit is der ôfskrabe. No is de knibbel wer as nij. No noch as in ljip rinne.

Goed slagge(2)
Jan-Friso Bruinsma is ferline wike ek oan de knibbel “holpen”. Wy binne benijd as dit wat slagge is.

Dooitze is der jûn net
Jûn moate jimme mar nei Ant, at der strutsen wurde moat, want ik haw kursus.

Dooitze Nauta

SDS League
Wy binne noch drok dwaande om alle teams fan de SDS League yn te fieren, dus wy kinne noch net mei de earste stân komme. As wy mear witte dan kinne jim it hjir sjen.

Ôfmelde
Under de kop oan-/ôfmelde stiet ek de link foar as jim heleas ôfmelde moatte/wolle

Allinich op dizze wize kinne jim ôfmelden wurde (dus net fia in lieder enz.)

Hjirfoar binne twa data: foar 15 juny en 1 desimber.

By te let ôfmelde moat der noch foar in heal jier betelle wurdde, dit is omdat SDS dan ek ôfdrage moat oan de KNVB.
Gida


Harsens derby(1115)
Sa hie Ajax juster ek begjinne moatten fansels. Dan wie it yn elts gefal noch 4-1 wurden…..: