Weppers tongersdei 19-8-2021

Oefenwedstriid SDS 1 – Nijland 1
17 augustus 2021
Yndieling senioren 2021-2022
20 augustus 2021

Oefenje (1)

Neffens it skema oefent SDS 1 sneon tsjin Leovardia 1. De wedstriid wurdt spile yn Ljouwert.

Oefenje (2)

Neffens in skema soe SDS VR1 kommende sneon oefenje.
Yn werklikheid traine se om 10 oere tegeare mei de famkes.  .

Oefenje (3)

SDS 2 oefent sneon ek. Om der bij te wêzen moatte jim om 12.00 oere bij ien fan de fjilden fan Leovardia stean. Leovardia 2 is de tsjinstanner

Supporter

Auke de Boer fan Wommels is  ôfrûne moandei ferstoarn. Hij is 79 jier wurden. Hij wie faak as belangstellende supporter oanwêzich bij de wedstriden fan SDS 1.
Wij winskje syn neiste famylje sterkte ta mei dit ferlies.

Langhierrich tuig

Dat wiene nochris tiden. Yn 1969 leit it der sa hinne bij dizze Grinzer klup. Wij witte út betroubere foto’s dat it bij SDS net fan tapassing wie.