Evenementen in december 2022

Oelie Eisma ferstoarn
18 maart 2009
Weppers freed 20-3
20 maart 2009

Sealfuotbal (foarhinne futsal)
Justerjûn hawwe de sealfuotballers fan SDS 2 tsjin Wit-ZwartSneek fuotballe yn de hal fan Easterein. Wy binne tige benijd wat sy dien hawwe. Mail it nei info@vv-sds.nl!

Omheech
SDS 3 hat de wei omheech fûn en wûn ôfrûne sneon alwer. Sjoerd van Beem is wer yn ‘e pinne klommen om hjir wat oer te skriuwen (klik
hjir).

Gjin keeperstrainen
Helaas bin ik ferhindere en is der gjin keeperstrainen jûn. 
Groetnis,
Marten


Der efkes ynwriuwe
It is spitich genôch foar Feyenoord, mar Jacob-Klaas wol dit der graach noch efkes ynwriuwe by Dirk-Yde:
Feyenoord is Jon Dahl Tomasson weer voor enige tijd kwijt. De Deense aanvaller was net weer helemaal hersteld van het vele blessureleed dat hem dit seizoen al zo vaak buiten de selectie hield, maar afgelopen zondag in het duel met PSV sloeg het noodlot voor de zoveelste keer toe. Hij staat naar verwachting enkele weken buitenspel.
Wy tinke dat Dirk-Yde lyk ferwize sil nei de útskeakeling fan Ajax justerjûn of yn elts gefal mei in grapke oer Ajax. Wy hawwe al wat foar him fûn:
Scannen0001
Jacob-Klaas sil dêrop wer reagere mei dit berjocht en dêrby is de “diskusje” slúten……… 

Broers
Meastentiids bin ús foto’s makke troch Aant. No ris in foto fan Aant tegeare mei syn broers.


Danish Dynamite
By de VI hawwe sy wer ris in aardich kwiske. Wy binne benijd hoefolle as jim witte(klik hjir).


Pannenkoekenmix
Ajax fuotballe juster aardich goed en wie tichtby de folgende ronde. Lytse Pieter seach it foar de wedstryd al net sitten mei Ajax: “Marco van Bastens pannenkoekmix, makkelijk te kloppen…..”

Knappe goal
It fuotbaljen yn Italië is meastentiids net om oan te sjen. De goals dy ’t dêr op it heden makke wurde binne oars al om de fingers by ôf te slikjen: