Weppers freed 20-3

Weppers tongersdei 19-3
19 maart 2009
Seleksjes sneon 21-3
20 maart 2009

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de seleksjes fan de senioaren foar moarn fine.

SDS 1 – VHK 1
Kommende sneon is de eardere útstelde wedstriid SDS 1 – VHK 1. Sponsoren fan de wedstriid binne Makelaardij Sneek en Bou Plus.

Iepen sollisitaasje
Daan Boersma sil moarn flagje by SDS 1 – VHK 1. Dizze wedstryd past neffens him moai yn syn tarieding op it WK yn Súd-Afrika folgend jier. Wy sille moarn sjen as dizze iepen sollisitaasje sin hat.

Schwalbe
Hjalmar Ruiter tipte ús oer in kolum op de webside fan Nu.nl oer de kuenst fan it oannaaien fan kaarten, de schwalbe(klik hjir). Nei it lêzen fan dizze kolumn sjoch je der dochs hiel oars tsjinoan.

Hielendal net sa min
Bij it amateurvoetbal spel yn de regio Snits dogge trije SDS-ers mei. De bruorren Hofstra en Minne Bonnema binne yn in foele striid ferwikkele om de heechste eare. Dizze wike gie de wykpriis fan de hiele regio nei Minne Bonnema



Scheidsrechters gezocht 
Door de ziekte van Jelle de Boer en de reserve Andre Bons, en het toevoegen van een extra team (6e) is er een structureel probleem ontstaan met de scheidsrechters. Voor de komende speelronden krijg ik de invulling van de wedstrijden niet meer rond. Daarom een dringende oproep aan iedereen met scheidsrechters kwaliteiten om zich te melden bij ondergetekende. We hopen dat het tijdelijk is, en dat Jelle en Andre spoedig mogen herstellen. 
Vriendelijke groeten, 
Andre Vink scheidsrechterscoordinator v.v.SDS

Muzyk
Sneontejûn is it lêste konsert fan Pigmeat. Der geane mearder feestgongers fan SDS hinne. It konsert yn Jirnsum is útferkocht. Wa’t dochs efkes sjonge wol kin nei it Dielshûs. Dêr treedt
Jelle B op. In rinnende jukeboks hawwe wij begrepen. Wat je der ynsmite moatte om in nûmer te hearen witte wij net.
 

“Uppercut”
Wy snappe no wêrom as skiedsrjochters oan it begjin fan it seizoen fan
de KNVB foldwaan moatte oan de Coopertest. Wy begripe no ek dat sy in goeie “uppercut” jaan moatte kinne: