Weppers tongersdei 18-6

Stân SDS EK-League 17-6
17 juni 2008
Stân SDS EK-League 18-6
18 juni 2008

Roemenië
Teade de Boer is op dit momint yn Roemenië. Dit om te sjen as hy wat betekenje kin foar Marco van Basten. Hy hat de bondskoach juster foar de wedstryd útgebreid ferslach dien. De Nederlanders hoefden net bang te wêzen foar in sterke Roemeense ploech. Sy binne namelijk net sokke goeie fjilden went. Sjoch mar nei de foto’s:

De Skoalleseize fan Boekarest is drok oan it wurk om it fjild kreas te krijen foar it nije seizoen…….


De linen moatte noch al kalkt wurde….

Fan herte lokwinske!
Paul de Boer is slagge foar syn VWO-eksamen. Fan herte lokwinske! Dêr mei wol efkes foar toetere wurde!!


SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Foardat it nije seizoen begjint wolle wy dochs probearje it TRS kompleet te krijen. Dit om gefallen sa as mei Skelte yn de takomst foarkomme te kinnen. De hiele list komt dan yn it bewarnûmer fan de Treffer en fansels hjir op de webside. Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!


Kuenstgers

By ONT lizze se op dit momint in kuenstgersfjild oan. Op de webside fan ONT kinne je dit fia de webcam dei en nacht folgje(klik
hjir).

WK
Moandeitejûn is der yn Wommels wer fuotballe. It wie de jûn fan de schlemielen. De grutte schlemielen wienen Erik Haitsma, Eeltsje “Mertesacker” Postma, Jappie Wijnia en Ate Feike de Boer.
Eeltsje liede it ferlies fan syn ploegje yn mei in eigen goal nei 1 minút……
Erik soe yn it lêst efkes de winnende goal meitsje mei in panna. Dit slagge net en krige it deksel op de noas troch de winnende goal tsjin te krijen.
Jappie Wijnia rekke blesseard oan de hamstring en helle op it toskfleis it ein fan de wedstryd.
Ate Feike de Boer wie úteinlik de grutste schlemiel. Hy kaam der tiisdeitemoarn pas achter dat hy moandeitejûn fuotballe moatten hie………..

Fideobân
Wa hat in fideobân fan de Olympische Spelen om efkes te brûken? Mail my asjeblieft sa gau mooglik, ik haw him tongersdei en sneon nedich. Mail nei
info@vv-sds.nl

SDS EK-League
Moarntemoarn hoopje wy wer mei de nijste stân fan de SDS EK-League te kommen.

Teloarsteld
De koach fan it Frânse alvetal hat wol in hiele aparte manier om syn fertriet fan de útskeakeling fan it Frânske alvetal te ferwurkjen(klik
hjir).

Oh sit dat sa!
It is ús no dúdlik wêrom ’t Nederlân sa maklik troch de poule kaam is: