Weppers tongersdei 18-12

Hans foarinoar!
18 december 2014
SDS League: Stefan pakt wykpriis!
19 december 2014

Seal: SDS 1 wint op ‘e nij

Justerjun mocht SDS seal 1 wer los. Dit kear wie de tsjinstanner RES 2 en we wiene dêrom te gast yn Boalsert. Gelukkig woe dizze tsjinstander gewoan lekker balje sûnder geseur en geskop. It gie lyk op , earst foar, doe wer lyk , doe wer foar en sa wie de ruststan 1-2. Nei de rust sette RES in soad druk en waard der fel striden.

Mei in pear goeie counters rûnen wy út nei 1-4 en gie RES alles as niks spyljen. Ús keeper hie in pear beste reddingen en RES koe derom net mear skoare, mar wy noch wol ien kear. Einstân 1-5 en winterstop oan ’t 7 jannewaris ta.
Klaas


SDS 4 & 5 de seal yn

SDS 4 en 5 kunnen vanavond terecht in de zaal om een balletje te trappen. Van 21:00 tot 22:00 is de zaal beschikbaar, graag allen een eurootje mee!

Eeltje Postma & Gertjan Hessels

Krystsealtoernoai yn Frjentsjer
Lykas oare jierren dogge der ek dit jier wer in stik of wat SDS’ers mei oan it Krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Kommende sneon binne de earste foarrondes en de rest fan de foarrondes en de finales binne lykas altiten op 2e-Krystdei. It ploegje wat ûnder de namme SDS spilet fuotballet sneon mei Jaap, Jacob-Klaas, Feite, Tjipke, Jehannes Tichelman en Sicco Scheltema. Willem giet der fanút mei de Kryst wer fit te wêzen en skoot 2e Krystdei oan. Net by it Krystdiner, mar by it sealfuotbaljen wolteferstean.
Foar de rest dogge Bote Strikwerda en Geert Dijkstra ek mei by Schroevenkopen.nl en binne der fêst noch oare SDS ‘ers dy ’t meidogge.

SDS 1 – TONEGO 1(2)
De KNVB jout oan dat de ôflaste wedstriden fan ôfrûne sneon pas nei de winterstop ynhelle wurde. Dat betsjut dat SDS 1 – TONEGO 1, dus nei de winterstop ynhelle wurdt. De eksakte datum is noch net bekend, mar wy tochten dat dat dan wol 17 jannewaris wurde sil. It liket dochs wierskynliker dat it sneon 14 febrewaris wurdt, want dat is offisjeel pas it earste ynhelwykein.

Harsens derby(1394)

By Cristiano Ronaldo slagget alles……………. Hast alles!