SDS League: Stefan pakt wykpriis!

Weppers tongersdei 18-12
18 december 2014
Weppers freed 19-12
19 december 2014

It giet noch altiten goed by ús puntenleveransier Gratisvoetbalmanager.nl, dus wy kinne wer mei de nijste stân komme fan de SDS League. Of soe it no Easterein-League wêze moatte?

Mei noch ien wykein te gean stiet Sjoerd Rispens noch altiten boppe-oan, mar Jaap “Torpedo Toering” is op ‘e nij tichterby kommen. It gat is no noch mar 9 punten. En dat mei noch ien wike te gean. Dêrby moatte dan ek noch de punten opteld wurde fan PSV-Feyenoord fan justerjûn. It sil ús benije.

De nûmers 3 en 4, “Hertog-Jan a.u.b. Gert-Jan Hessels” fan Eeltsje Postma en “Balletje Balletje” fan Grietzen Broersma lykje ek noch wol kans te meitsjen. Sy komme hieltiten tichterby. As it ferskil yn oantal punten mei de 2 koprinners kommende wike wer sa grut is dan geane sy der oer hinne.

Stefan van der Velde pakt dizze wike de wykpriis mei “Op ‘e gok”. Hy is herstellende fan de ziekte fan Pheifer en sil noch ferlegen sitte om felisitaasjes, mar miskien helpt dit him om noch sneller better te wurden. Betterskip!



DDR docht it dizze wike alwer net gek mei 29 punten, mar stiet noch altiten 34 punten efter op nûmer ien nei lêst “VV BAK”(Almar en Boudewijn Kramer).

De einstân fan de SDS-League wurdt bekend makke op de nijjiersgearkomst op sneon 3 jannewaris yn de fuotbalkantine.

Sjoch hjir foar de nijste stân:
wike 11.