Weppers tongersdei 17-10

Weppers woansdei 16-10
15 oktober 2013
Weppers freed 18-10
17 oktober 2013

Skiedsrjochter kursisten fluitje sneon!
Der binne al in oantal tongersdei jûnen in twatal SDS-ers op kursus west om skiedsrjochter te wurden. De ús wol bekende Tsjerk vd P. en Hans vd S., sille sneon yn it ramt fan de Bos kursus (Basis Oplieding Skiedsrjochter) foar it earst foar SDS op it grutte fjild in wedstrydsje fluitsje (sy stiene al faak op it lytse fjild). Fansels winskje wy Tsjerk en Hans in soad sukses ta en meie in elkenien dizze begjinende skiedsrjochters kommende sneon wol efkes oanmoedigje.
Yn elk gefal in soad wille tawinske, út namme fan alle skiedsrjochters, leden, spilers en oare belutsenen.

Maarten de Jong
Ien spiler fan SDS 2 hat alris earder trainen hân fan Maarten de Jong. Wy binne benijd as Anne Stenekes der jûn wat better op klaaid is………….

In ferbjustere Maarten de Jong is ûnder de yndruk fan Anne syn………….spikerbroek…

Programma sneon 19 oktober
It net al te grutte ynhel- en bekerprogramma foar sneon kinne jim hjir fine.

Wesley
Dy earme Wesley Sneijder. At er no wol of net skoart, at hij no wol of net goed spilet, hij bliuwt it mikpunt fan grappen. Sjoch
hjir.

Gjin stroom
Skore tsjin de ploech út je eigen wenplak. Soe dat inkelde Eastereiners of SDS’ers ek oerkomme kinne? Wy binne dan ek hiel benijd wa ’t dan 2 wiken lyn der foar soarge hat dat de stroom yn hiel Easterein derôf wie(sjoch
hjir).

Harsens derby(1135)
Wy hienen der al net sa ’n hege dunk fan: