Weppers tiisdei 15-1-2019

Wykein weppers
12 januari 2019
Weppers tongersdei 17-1-2019
17 januari 2019

SDS 1 oefent jûn net tsjin vv Nijland yn Easterein

Jûn om 20.00 oere soe der in nijsgjirrige oefenwedstriid wêze yn Easterein. SDS 1 soe twaddeklasser Nijland 1 ûntfange. In wedstriid mei in trainerssturtsje, ommers Douwe fan SDS trainde earder bij Nijland en Lykle fan Nijland wie ek trainer bij SDS. Nijland hat allinnich wat personele problemen en kin net mei genôch minsken nei Easterein komme.

Seleksje SDS 1 sil traine

De folgende seleksje fan SDS 1 soe oefenje tsjin vv Nijland, mar giet no mei 4 A-junioaren der by trainen:
Jaap, Gertjan, Bauke, Gerwin, Jorrit, Jacob-Klaas, Marco, Frank, Wiebe, Pieter, Watze, Yward, Habtamu, Steven, Erik en Lourens.
Ewout en Remco wurde noch efkes sparre. Ewout hat in bytsje lêst fan de knibbel en Remco krijt freed de pinne út syn hân en kin dan hooplik wer gau fuotbalje.
Habtamu giet foar 4 wiken nei Etiopië en is der net by.

De bus

Nijland hat hjoed de bus mist 😉

SDS 1 seal ek wer los

Woansdeitejûn yn Easterein om 21.00 oere de sealwedstriid SDS 1 – sc Bolsward 1.

Programma sneon

Kommende sneon soe it wer begjinne kinne mei de kompetysje, wurdt der oefene en binne sommige jeugdteams yn de seal aktyf.
SDS 1 moat nei Heech om tsjin Heeg 1 te fuotbaljen. Mocht dat net trochgean dan is de skaadwedstriid yn Easterein tsjin Makkum 1.
Sjoch hjir ûnder foar it folseine programma:

Datum Tijd Thuisteam Uitteam wat
16-1-2019 21:00 SDS 1 SC Bolsward 4 seal
19-1-2019 14:30 V.V. Heeg 1 SDS 1 komp
19-1-2019 14:30 QVC 3 SDS 4 komp
19-1-2019 12:00 SDS JO13-1 Irnsum JO13-1 seal
19-1-2019 12:50 Frisia JO13-2 SDS JO13-1 seal
19-1-2019 13:40 SDS JO12-1 DWP JO12-1 seal
19-1-2019 14:55 MKV’29 JO12-2 SDS JO12-1 seal
19-1-2019 09:30 FVC JO9-3 SDS JO9-1 seal
19-1-2019 10:30 SDS JO9-1 Frisia JO9-5 seal
19-1-2019 14.30 Rottevalle 2 SDS 2 oefen
19-1-2019 14:30 SDS 1 Makkum 1 skaad
19-1-2019 09:30 SDS JO17-1 ONS Sneek JO17-1 oefen
19-1-2019 12:00 SDS VR1 VV Heerenveen VR1 oefen

Harsens derby (2093)

Hoppakee!