Weppers tiisdei 13-9
13 september 2016Seleksjes sneon 17-9
16 september 2016SDS-League
Nei in wykein mei folop Eredivisiefuotbal nimme wy dochs oan dat eltsenien syn nije team foar de SDS-League yn de holle hat. Print dit formulier, ful je team en soargje dat je him ynleverje foar sneon 24 septimber om 19.00 oere. Dat moat slagje tochten wy sa! Der lizze ek wol formulieren yn de kantine.
Fluitsje
SDS kin noch wol wat skiedsrjochters brûke. Hjir foar is de skiedsrjochterskommisje drok dwaande om in skiedsrjochterkursus te organiseren. Ynkoarten mear hjir oer.
Keepersdei
Op sneon 22 april organisearret SDS in spesjale keepersdei. Wat dit eksakt ynhâlde sil kinne jim hjir letter lêze, mar as je keeper binne dan soenen wy dy dei mar fêst frij hâlde.
Krompen?
Gida Heerma wosk sneon de broekjes út fan SDS JO-19-1 en seach al wat nuver doe ’t sy de broekjes oan de line hingjen hie…..
Oranje
Jelmer Posthumus hat dizze wike al wat wedstriidsjes fuotballe. Mei syn legerûnderdiel waard hij kampioen en dat fiert hij op de bekende Jelmerwize….laitsje
Jaap
Al in pear wike lyn stie der yn Groot Sneek in aardich artikel oer SDS en dan út de mûle fan Jaap Toering, doelman fan SDS 1. Miskien is de krante bij jim noch te finen….
Harsens derby (1761)
In boer moat boer bliuwe…….. 😉