Wa wie spiler fan it jier?
14 juli 2010Weppers freed 16-7
15 juli 2010Kompetysje-yndieling froulju
De nije kompetysje-yndieling foar de froulju is ek bekend. Neeltje de Boer tipte ús dat sy no te finen binne op vrouwenvoetbalfriesland.nl. Opfallend is dat dit seizoen de famkes en de froulju fan SDS ruile binne fan team (famkes binne no DA1, dames DA2). Dit wie foaral sadat de dames in maklikere kompetysje krije soenen. De KNVB hat in oare oplossing fûn en SDS DA1 en DA2 gewoan byinoar yn de kompetysje setten. Dat wurde twa moaie thúswedstriden! Fierders steane der moaie derbys op it programma tsjin û.o. Mulier, Arum en Tsjom.
5e klasse H
Arum DA1
DVBolsward DA2
Harlingen DA2
Heeg/IJVC DA1
LSC 1890 DA2
Makkum DA1
Mulier DA2
Oudega DA1
SDS DA2
SDS DA1
Tzum Da1
Zeerobben DA1
Spiler fan it jier
De lêste jierren wie it gebrûklik om by SDS 1 in spiler fan it jier út te roppen. Foarich seizoen waard dat Jaap Toering. Dit jier is de útferkiezing der net fan kommen. De beker leit no by Marco Hoekstra thús.
Oerskriuwingen
Op de webside fan de KNVB binne no alle oerskriuwingen te finen fan fuotballers dy ’t feroare binne fan klup. Sa sjogge wy û.o. dat Rick Klijnsma fan SDS werom gien is nei Zeerobben. Klik hjir om alle oerskriuwingen te besjen. Miskien fine jim noch wat âld-SDS’ers.
WK
Jûn wer it Wommelser Kampioenskip. It begjint om 20.00 op it skopfjild fan Wommels.
Fokke & Sukke
Harsens derby(250)
Sa wolle wy ek wol wrâldkampioen wurde……
Moarn mear!