Weppers freed 16-7

Weppers tongersdei 15-7
15 juli 2010
SDS-VR – it begjin
15 juli 2010

Spiler fan it jier
De lêste jierren wie it gebrûklik om by SDS 1 in spiler fan it jier út te roppen. Foarich seizoen waard dat Jaap Toering. Dit jier is de útferkiezing der net fan kommen. De beker leit no by Marco Hoekstra thús. Wy hawwe dêrom mar besletten om fia de webside in útferkiezing te hâlden. Klik hjir om je stim út te bringen.

Fotosjoppe(3)
Tidens it WK koenen jim hjir in prachtige fotosjop fine mei Arjen Robben yn de haadrol. No hat ien oan it “filmsjoppen” west mei dizze foto:
Maradona houdt Robben hoog

Ingelske humor
England joke

WK 15 juli 2010

En wat in gretige opkomst koe dit WK. Mar leafst in party fan acht tsjin acht koe der foarme wurde! Wat foel der dizze edysje op?

-Bram van B. hie keurich it fjild byholden en hydrateert

-Henk P. kriig de bal yn de lytse Willem!

-Lytse Willem mear balcontact as grutte Willem!

-Mark P. hellet gesicht broer iepen

-Antyfuotbal,ôfbraakfuotbal,yn de kont hingje => Jacob K.

-Erik H. wie wurdich

-Debut Martin R.

-Debut Trinus

-The Black Pearl waar yn it begjin fan de wedstriid mei-ien mei de noas op de feiten/grûn drukt

-Arjan P. hie, yn tsjinstelling tot moandei, de skeebeskermers gewoan wer oan.

-Dat Servet se oan hie, hie dúdlik net in goeie útwurking op syn spul..

-As Hendrik E. kleeft mut jim him net út balâns bringe

-Redmer S. hie in read mei blau shirt oan

-Bote siet nei in kwartier fuotbal al yn oer it feit as der op tiid foar syn wurk soe wêze moarn..yn syn spul in foarboade is foar syn timing dan wurd dat moarn neat..

-Eeltsje Sikke op syk nei in slachtoffer yn it fjild

-Jaap wie alwer Sjoerd van B. ferjitten

Team Swart:

Jaap, Jacob K, Erik H., Henk P., Eeltsje Sikke, The Black Pearl, Servet, Bram van B.

Team Gekleurd

Hendrik E., Mark P.,Arjan P., Martin R., Bote S.,Redmer S., Willem W., Trinus.

De toan waar setten yn de earste minuten fan de wedstriid. Nei in pear pittige oertredingen fan de ferdedigers fan Team Gekleurd waar it foar Team Swart al snel dúdlik dat der gjin moai fuotbal dizze jûn ynsiet.  Team Gekleurd spiele no-nonsense fuotbal wer Team Swart op in handige manier dôchs noch gebrûk wist fan te meitsjen. Nei in pear kear goed druk setten fan Team Swart op die goeie mominten wisten sei dit om te setten yn in doelpunt. Stân mei de winnende goal wie flattearje mar yn it foardiel fan Team Swart mei 4-1.  Team Swart gie mei de winnende goal echter swier te fout yn troch harren enthousiasme. Yn plak fan yn de kont te hingjen en te counteren dine se no dôchs noch in poging tot fuotbal..Troch in snelle ûtbraak fan Team Gekleurd waar der handige gebrûk makke fan die romte die wie ûntstien. Martin R. makke yn syn debút wedstriid de winnende goal, in jongesdream!  Folgende wike mandei is der wer in WK om 20:00 op it skopfjild fan Wommels!

Hoogachtend,

Alg.Stat.Dir. H.K. Engbrenghof


Kissies fuort
It is no hast twa wiken lyn en no begjint it besef te kommen. Ien fan de wepmasters wie 2 wiken werom op Rock Werchter yn België en rûn dêr op syn fertroude kissies. Dit hat spitich genôch mar ien dei duorre. Doe ’t hy him jûns efkes deljûch op it terrein en syn kissies efkes útdie(docht hy oars nea….) waard hy efkes letter wekker sûnder kissies. Hy hat se ek net wer fûn. Pearl Jam fette it festival aardich gear yn harren lêste nûmer, mar de kissies binne net werom kaam en it fielt no mar keal oan de fuotten. Mocht der noch ien fan syn kissies (maat 45/46) ôf wolle dan mei dy wol maile nei info@vv-sds.nl. Alfêst tige tank.

No op slippers??

Harsens derby(250)
Foar it WK namen wy sa ’n keepersfoutsje noch in Grandelletje. Sûnt it WK hawwe wy it mear oer in Greenie: