Weppers tongersdei 15-10

Weppers woansdei 14-10
13 oktober 2009
Weppers freed 16-10
14 oktober 2009

Ferlern
SDS-seal 2 hat tiisdeitejûn ferlern fan Cambuur. It wie in doelpunterike wedstryd mei in 12-4 einstân.

Ek ferlern
SDS-seal 1 hat juster mei 9-2 ferlern fan Blauw-Wit ’34 2. De earste helte gie lyk op. Krekt foar de rêst waard it allinnich al 2-1 foar Blauw-Wit. Dit wie it brekpunt fan de wedstryd. Yn de twadde helte gie SDS op syk nei in goal en gie Blauw-Wit op de kounter spyljen. SDS krige it heft op ‘e noas en ferlear úteinlik flatteard mei 9-2. De goals fan SDS wienen fan Tsjipke en Feite(pingel). Harm-Auke die mei as gastspiler by SDS 1. Hy wie spesjaal earder ophâlden mei it wurk. Super!

Eredivisie live
Sa’t wij al earder berjocht diene, is der yn de kantine no Eredivisie Live. Dat is moai foar de leafhawwers. Noch moaier is it dat wannear je thús ek in abonnemint nimme, dat je SDS ek sponserje. Bij in abonnemint fan tenminste trije moannen giet der mar leafst 20 euro nei SDS. At dat je favorite klup is tenminste (sjoch hjir).

Nei bûten?
Remco Bervoets trainde woansdeitejûn de froulju fan Da-1. De froulju moatte dúdlik noch wat wenne oan de algemiene fuotbaltermen. Dit blike wol út it folgende:
Tidens de einpartij rôp Remco oer it fjild:
“Jildou,…. nei bûten!!”
“Hoe bedoelst” sei Jildou.
“Ja”, seinen de oaren:
“Se is ommers al bûten…………………….”

Goal fan de wike

Wij krigen ek noch in berjocht oer in nije webside:
Wij hebben www.goalvandeweek.nl
in het leven geroepen om mooie amateurgoals een platvorm te geven in Nederland.
De winnaar van de mooiste amateur goal van de week wint 100 euro, hiervan is 50 euro voor de club van de inzender en 50 euro voor de inzender.
Wij willen u vragen een weblink te plaatsen naar
www.goalvandeweek.nl op uw website en u leden te vragen om hun goals te filmen en up te loaden op 
de website.

Koopjeshal iepen
De sponser fan SDS 1 seal en SDS F2, Wheagan, sil sneon in nije Koopjeshal iepenje yn Wommels yn de âlde Hubo(klik
hjir).

Knappe goal
Op it WK ûnder de 20 yn Egypte wurde best aardige goals makke: