Weppers freed 16-10

Weppers tongersdei 15-10
14 oktober 2009
Seleksjes sneon 17-10
14 oktober 2009

Lyts programma
Dit wykein is der in lytser programma. Bij de jeugd hawwe der in hiel soad teams twa wiken frij. Goed oplette dus.

Ôflast (1)
Superfroulju,
Binne we der einliks klear foar, hiene we hast 4 jonge blommen regele, stie der moai waar op it program, hie de lieder der nocht yn…………… GJIT IT  NET TROCH !!!! 
Noch efkes en we ha it 5de kompleks…… DRAMA ! 
De tsjinparty hat net genoch froulje! Dus…… sneon frygeselle feesie fry!!!
En ja, ik baal der ek fan! 
Alternatief programma?
Groetnis Tsjeard

Ôflast (2)
Wy doare it hast net te melden, mar de wedstryd fan SDS 5 tsjin Leeuwarder Zwaluwen 11 giet moarn net troch. De Sweltsjes kinne net genôch man op it fjild krije. De mannen fan SDS 5 kinne fansels ek dit wykein wer gebrûk meitsje fan Slachtofferhulp(of soenen dy mei dy wepmaster sûnder lang hier op Texel sitte??).

Ôflast (3)
Ek SDS C1 en C2 binne ôflast foar moarn. De reden hjirfoar witte wy net.

Fan herte lokwinske!
Net allinnich Durk Okkema is hjoed jierdei, mar ek Steffen Bruinsma en Ewout de Boer. Allegear fan herte lokwinske!

Oefenje
De nûmer lêst fan de 2e-Klasse A, SDS 1, sil kommende woansdei oefenje Op ‘e Jouwer tsjin de reade lantearndrager yn de sneinshaadklasse, SC Joure 1.

Midwintercup
Op 9 jannewaris 2010 sil der foar it lêst in Midwintercup plakfine. De KNVB hat besletten der in ein oan te breidsjen. Y.f.m. de oprinnende kosten, ôfnimmende teamoanmeldingen en de ôfnimmende(?) smûkheid yn de Trije t.o.f. it FEC sjocht de KNVB der gjin ljocht mear yn om it toernoai noch langer te organisearjen. It toernoai waard foar it earst ferspile yn 1988 en 2010 sil it dus de lêste kear wêze. Foar SDS sille SDS 1 fjild en seal en de froulju fan SDS meidwaan oan de foarrondes.

Der op út
Dit wykein sil it wierskynlik iets rêstiger wêze op de SDS-side. De iene webmaster sil in wykje kebab ite en de oare in wykein Tesselse skieppefleis (wat is it ferskil). Omdat it net wis is hoe grut de ynternetmooglikheden binne, kinne utslaggen wol ris wat letter komme en hat it grutte kâns dat der snein net en moandei wat letter weppere wurdt. Mail fansels wol gewoan de útslagen en ferslagen nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl!

Martin Palermo
De 36-jierige Martin Palermo makke foarige wike syn rentree yn it Argentijnse alvetal nei 10 jier en makke lyk de winnende goal tsjin Peru. Palermo hat mear opmerklike goals makke lykas dizze. De fierste kopgoal ea: