Weppers tongersdei 13-8

Weppers woansdei 12-8
11 augustus 2009
Weppers freed 14-8
12 augustus 2009

It tredde
Foar it kommende seizoen is it tredde fan SDS op syk nei in grins rjochter. Binne der minsken dy’t dit wol sitten sjoche, nim dan kontakt op mei Jan Stenekes: 0628068051 as Jeroen Wagenaar: 0610884951.
It soe mooi wêze as de grins foar 29 aug. bekind is, want dan kin hy nog mei nei skylge! groetnis Jan

E
arste training SDS 3
Justerjûn hat it tredde har earste training hân. De opkomst wie riddelijk, 9 man. It is lekker om wer los te wêzen!
It tredde traint oansteande tongersdei om 20.15 oere yn Easterein. De kantine is iepen, goeie reden om even te trainen.  Groetnis Jan

Frouljus PC
De famkes fan SDS Da2 soene nije wike woansdei best wolris nei de frouljus PC gean kinne. Want harren ploechgenoate Marije Hiemstra út Easterein is ien fan de dielnimsters. Neist Marije is Anke Marije Pompstra fan Easterein ek ien fan de dielnimsters. Sjoch
hjir

Seleksje SDS 5
Kommende sneon moat SDS 5 foar de beker nei Zeerobben. De folgende spilers hawwe der al wer sin oan en sille der sneon wêze. Om 13.30 oere geane se fuort.
Eddy, Ids, Bertus, Ype, Harm Auke, Tjeerd, Auke, Anco, Christiaan, Marco, Aant, Piet, Durk, Jacob, Klaas V, Jappie.

Alp dHuez

In fakansje is bedoeld om rêstich oan te dwaan. Mar it kin ek krekt leuk wêze in útdaging oan te gean. Idsert Wijnja, spiler fan E1, 9 jier âld (!), hat koart lyn de Alp d’Huez op de fyts beklommen. Dat fine wij in geweldige prestaasje. Op de foto Idsert mei syn heit yn bocht twa, doe’t se beide noch laken.

SDS A1 – Blija A1   
Justerjûn hat SDS A1 oefene tsjin Blija. Wij misse Klaas Pompstra no al. Oars hiene wij de útslach al witten. Wa jout it oan ús troch? mail nei
sds-nijs@home.nl

Foto-sessie
Sa’t wij al earder oanjoegen wurde der foto’s makke op 19 augustus foar it plaatsjeboek. It jeugdkeatsen yn Wommels is noch in probleem. Enne Bruinsma lit ús witte dat der foar dy kategory in oplossing socht wurdt om op in letter momint in foto meitsje te litten.