Weppers freed 14-8

Weppers tongersdei 13-8
12 augustus 2009
Weppers sneon 15-8
15 augustus 2009

Programma 15-8

14:30 CSL 1 – SDS 1
14:30 Hardegarijp 3 – SDS 2
14:30 Zeerobben 5 – SDS 5
10.30 Oeverzwaluwen B1 – SDS B1
(giet dus wol troch!!)
10:30 Zeerobben D2 – SDS D1

Utslaggen
Sneon begjinne de bekerwedstriden. Nije wike giet it ek troch de wike los. Wij kinne net oeral bij wêze, mar wij hoopje dat jim ús de útslaggen en eventuele bijsûnderheden melde wolle. It moat mooglik wêze dat alle útslaggen op de side komme. En at jim nei beide adressen maile is de kâns grut dat it der in de regel hiel gau op stiet.

Seleksje SDS 1
SDS 1 set moarn ôf nei Stiens om tsjin CSL te fuotbaljen. Foar de beker. Fan Dick krigen wij de seleksje troch:
Jaap, Feite, Harm, Ewout, Anne, Tsjipke, Jildert, Skelte, Tsjalling, Hendrik en Redmer. Dêrneist Jacob, Elger en Wytze van A1. Sy moatte allegear 12.45 oanwêzich wêze.

Seleksje SDS 2
SDS 2 sit net al te rom yn syn spilers. Moarn kinne sy krekt 13 man byinoar krije om te bekerjen tsjin Hardegarijp 3. Sy sille om 13.00 fuort. De folgende spilers geane mei:
Remco Piek, Syb, Eeltsje, Hjalmar, Wichard, Henk & Mark, Robert S., Dennis, Pieter K., Ronny & Jeroen en Willem.

Earste training SDS-froulju
SDS Da-1 sille kommende woansdei foar it earst los. Sy traine om 20.00 yn Itens.

Op de
foto

Fan Enne Bruinsma krigen wij nije ynformaasje oer de plaatsje-aksje en it meitsjen fan de fotos:

Omdat de American Base jeugdkeatspartij woensdag 19 augustus in Wommels wordt gespeeld gaan de teams nu op een andere dag op de foto. Het schema ziet er nu als volgt uit. Als je op de foto komt doen we dat in een voetbalbroekje en kousen en voetbalschoenen aan, dus de tijd die hier staat dan moet je al omgekleed zijn.
 
Woensdag 19 augustus
17.00 uur C2
17.20 uur C1
17.40 uur B1
18.00 uur D1
18.20 uur F1 en E1
18.40 uur D3
 
Donderdag 20 augustus
16.30 uur F3 en F4
17.00 uur F2 en E2
17.30 uur E3 en E4
18.00 uur A1
18.20 uur D2
18.40 uur Dames Junioren

Oare sporten

Wij krigen noch in moaie foto binnen fan de fakânsje. Sjogge jim hjir ek wat minsken/bern út Wommels en Easterein op? Of reitsje jim it sicht kwyt mei de giele helmen.

Skoare
It fuotbal giet dit wykein wer echt los mei bekerwedstriden. It wurkjen is foar de measten ek al wer los gien. En soms kinne je dy dingen moai kombineare. Sjoch
hjir.