Weppers moandei 17-8-2020

Weppers tongersdei 13-8-2020
13 augustus 2020
Weppers tiisdei 18-8-2020
18 augustus 2020

Dreech

Mei troch de Coronakrisis is it dreech om trainers en lieders te finen. Sa binne wy û.o. noch op syk nei in trainer op moandei foar Vr.1, in trainer foar SDS 2, in lieder foar SDS 3, in trainer en lieder foar de MO17-1, in trainer/lieder foar JO17-2 en sa binne der noch wol wat fakatures. Wy hoopje se ynkoarten ynfuld te hawwen, mar de kans is grut dat der ek wer in berop op de âlders dien wurde moatte sil.

Oefenje

SDS 1 sil moarn yn Toppenhúzen om 20.15 oere oefenje tsjin 4e-Klasser TOP’63 1. Foar SDS 1 is dit de earste oefenwedstriid fan it seizoen.

Oefenje

SDS vr.1 oefent woansdeitejûn om 20.00 oere thús tsjin QVC Vr.1. Foar SDS Vr.1 is dit ek de earste oefenwedstriid fan it seizoen.

Trainingsskema

It nije trainingsskema is foarearst klear. De rigels binne lyk as foar de simmerstop. De earste trainer hellet de sleutel op by Boudewijn Kramer en nei de lêste training giet it stek wer op slot en mei de sleutel wer nei Boudewijn. Nei de trainingen kin der (noch) net doucht wurde. Noch net foar alle teams binne trainers fûn, dus inkelde teams geane dizze wike noch net los.

SDS JO19-1

SDS JO19-1 sil tiisdeitejûn foar it earst wer traine ûnder lieding fan trainer Henk Mulder. Om ’t der guon spilers mei SDS 1 mei binne te oefenjen traine sy tegeare mei SDS 2.

Appelboer

Jierren hat de Appelboer sjurtstiper west by SDS. No ’t Sjoerd Zondervan stoppe is mei syn bedriuw stoppet hy hjir mei. Wy wolle him hjirby tank sizze en binne tige bliid dat hy SDS stypjen bliuwt as Freon fan SDS.

Jeugddei SDS/Nijland giet net troch

Kommende sneon soe der in jeugddei wêze foar de fuotbaljende jeugd fan SDS en Nijland. Y.f.m. it Coronafirus is hjir foarearst dochs mar fanôf sjoen en giet it dus net troch.

Nije kompetysje-yndielingen

De kompetysje-yndielingen fan de rest fan de senioaren en de jeugd wurdt troch de KNVB bekend makke op freed 21 augustus. Wy hoopje ek dat dan it programma fan SDS 1 bekend makke wurde sil.

Dropaksje?

SDS hat noch altiten drop stean fan de dropaksje dy ’t yn maart net trochgie. Wy binne oan it besjen hoe ’t wy dy no útsútelje sille.

Harsens derby (2242)

Efkes ien panere en dan in ‘net-sjen-baltsje’. It koe Eeltje Postma wol wêze!

 

 

Letter miskien mear!