Weppers tongersdei 12-2

Weppers woansdei 11-2
10 februari 2009
Weppers freed 13-2
13 februari 2009

SDS 4,5 en 6
Der is jûn wol trainen foar SDS 4,5 en 6. Fan herte wolkom. Om 8.15 begjinne.

SDS 1 traint gewoan thús
It earste traint fannejun om 19.00 oere gewoan yn Easterein.

SDS 2 ek gewoan thús en sneon yn de seal
It twadde traint fannejûn ek gewoan yn Easterein om 20.00.
Sneon traine sy om 17.30 yn de sporthal fan Easterein.

Traind
Bij it trainen giet it tsjintwurdich in soad oer trochgean en net trochgean. It is dan ek wol aardich om te melden dat alle E’s moandei en woansdei geweldich traind ha. It fjild efter de sporthal lei der prima bij. Suver droech en moai flak.

Wol/net traine
Bij de huidige weerstomstandigheden is het regelmatig de vraag of trainingen wel of niet doorgaan en wie dat bepaalt. Stichting de Skoalleseize, eigenaar van het SDS complex, laat het beslissen hierover aan SDS. Deze heeft op haar beurt om praktische redenen aangegeven dat de trainer(s) dit zélf bepaalt. Hij / zij zal immers het beste de afweging kunnen maken, dit mede gezien de betreffende leeftijdscategorie. De trainer beoordeelt zelf het veld en de omstandigheden. Hij / zij kan dit ook door een ander laten doen, hierover kunnen onderlinge afspraken worden gemaakt met b.v een collegatrainer die op / omstreeks dezelfde tijd training(en) verzorgt.
De trainer zorgt er vervolgens voor dat de spelers dit te weten komen (telefoonboom, sms/msn/mail, SDS – site, in overleg met de leider, etc).
Na elke training dienen alle losse materialen en attributen van de velden verwijderd te worden, dit in verband met uit te voeren onderhoud.
Het al of niet doorgaan van wedstrijden wordt afzonderlijk geregeld, op de thans gebruikelijke wijze.
Ab, namens de JC en TC

SDS Futsal 2
De sealfuotballers fan SDS 2 hawwe juster mei 6-3 wûn fan Friesland 6. Mei de rêst stie SDS mei 3-2 foar.

Sneu
Dat de league in wike letter begjint komt net elkenien goed út. Yn de earste helte wie hij noch yn folle striid om it lêste plakje. De ôfrûne trije wiken hat hij serieus syn bêst dien om der wat fan te meitsjen en mei te dwaan foar de topposysjes: Mendez en Keller wiene de nammen wêrmei hij it ferskil meitsje woe. Beide skoarden dit wykein. It begruttet ús no wol wat foar Klaas Pompstra.

Poeisz-jeugdsponseraksje

Fanôf 2 febrewaris oant ‘e mei 28 maert kinne der wer sponsormunten garre wurde foar SDS.  By elke € 10.00 oan boadskippen en bij 80 sponsorpordukten ûnfange jo een gratisjeugdsponsormunt. Stopje dizze munt yn de koker fan SDS. Hoe meer jeugdsponsormunten wy sammelje, hoe heger it sponsorbedrag wurde sil. De munten kinne ynleverje wurde by Poiesz yn Skearnegoutum, dêr stiet ús koker. Doch allegear mei en dan sille we sjen hoe’t SDS scoort.
De Jeugdkommisje

AH-fuotbalplaatsjes
Troch de Poeisz-aksje giet der fansels net in SDS’er mear nei de AH om fuotbalplaatsjes. Mocht ien se oer hawwe dan wolle Habtamu of Tom & Pieter se wol hawwe. Wa sparret se eins noch mear?


Musykleafhawwer
By SDS rinne in soad musykleafhawwers. Tsjipke Okkema is sa ’n ien. De musyk seid him eins net sa ’n hiel soad. Hy lústert mear nei de teksten. Sa wees hy ús op dit prachtige filmke(klik hjir).

Wol of net?
Je soenen sizze dat de spilers yn de Premier League genôch fertsjinje. David Bentley fan The Spurs koe dochs noch wol wat sinten brûke en gie in weddenskip oan mei syn manager. Soe der 15.000 Engelse Pûnen riker wurden wêze?