Weppers freed 13-2

Weppers tongersdei 12-2
11 februari 2009
Seleksjes sneon 14-2
13 februari 2009

Lyts programma
Der binne moarn net folle wedstriden te spyljen. Der binne 3 wedstriden wêr ’t teams fan SDS oan meidogge en sy spylje ek noch alle trije thús. Dit binne se:
14.30 SDS 1 – Olympia ’28 1
14.30 SDS A1 – Lemmer A1
12.15 SDS 3 – Leeuwarder Zwaluwen 3

Giet it troch?
Mocht it hjoed drûch bliuwe en de fjilden lizze der krekt sa knap by as de trainingsfjilden justerjûn dan soe der best noch wolris fuotballe wurde kinne. KNVB-Noord hat oan ’t no ta noch neat ôflast(klik hjir).

Seleksjes
Letter hjoed kinne jim hjir de seleksjes foar moarn besjen.

Freonskiplik
Wy yn Nederlân fine net folle oan freonskiplik fuotbal. de wedstriden dy ’t it Nederlâns alvetal freonskipli spilet binne meastentiids ek net om oan te sjen. Argentinië en Brazilië wisten der fan ‘e wike wol in spektakel fan te meitsjen. Brazilië liet yn Londen Italië alle hoeken fan it fjild sjen(klik hjir) en yn Parys gie Frankryk djip troch de knibbels foar Messi c.s.(klik hjir
).

Dupearden
Net alinne Klaas Pompstra, ek René Zijlstra, Jan Stenekes, Habtamu de Hoop en Pieter Sytsma fiele harren te koart dien yn de SDS leaugue. Ek sij hiene seagen harren sels al mei de wykpriis. Sij oerwage “deklupfanmooglikdupearreSDS-leauguespilers” op te rjochtsjen. At it in stifting of in feriening wurdt is noch net bekind. Wurdfierder is Jan Stenekes.

Wedstrydsponsers
Foar de tredde kear wurdt de wedstryd SDS 1 – Olympia 1 fêststeld. Ek no binne it wer de selde wedstriidsponsers dy’t op it affysje pronkje.
Couperus Hydraliek en WZ-videoproducties.

Oprop
Beste vrijwilligers van de KF, het korps en SDS,
Het schoonmaken van ons nieuwe verenigingsgebouw gebeurt wekelijks door een vaste mannenploeg. Daarnaast wordt het iedere maand ook nog eens schoongemaakt door een vrijwillige ploeg vrouwen op de overige dingen zoals ramen lappen, kastjes bar en keuken schoonmaken etc.
Het blijkt – door de omvang van het gebouw – nodig te zijn om eens met een grotere ploeg actieve schoonmaakster (mannen ook welkom!) aan de slag te gaan, zodat de puntjes op de “i” gezet kunnen worden en het nieuwe gebouw ook mooi blijft!
Graag zouden we zien dat zowel de KF, het korps en SDS twee vrijwilligers zou kunnen aanleveren voor maandagmiddag 2 maart vanaf 13.15 uur. Hopelijk kunnen jullie binnen jullie besturen gegadigden aandragen. Graag hoor van jullie!
Met vriendelijke groeten,
Geertje Sijbesma
Stichting de Skoalleseize
till.:332197

Freed de 13e

It is hjoed freed 13 febrewaris. Wy hawwe der net folle mei, mar sy sizze dat je op freed de 13e wolris wat pech hawwe kinne. Foar Feite giet dit sawiesa net op, want dy hat dit mear mei sneon de 7e(sjoch weppers ôfrûne moandei). Miskien hawwe froulju der mear mei: