Weppers tongersdei 12-11

Weppers woansdei 11-11
10 november 2015
SDS League: "Strikkies United" pakt wykpriis!
13 november 2015

Net traine foar de boksen
Er kan vandaag wederom voor de boxen niet getraind worden. Het veld is te nat.
Het MFT is een optie.
Oetze


SDS 1 – Berlikum 1
In hiel oersicht mei fan alles en noch wat oer de seleksjes fan SDS en Berlikum.

Flagje
Jan-Bouke Bouma sil sneon flagje by SDS 1 tsjin sc Berlikum.

Bartsjinst
Jûn hat Christiaan Hoekstra bartsjinst yn de kantine. It sil fêst gesellich wurde. Der kin moai efkes foarútsjoen wurde nei al dy moaie thúswedstriden fan kommende sneon. Oars mar mei syn allen plat foar it nije Ziggo-Sportkanaal.

Hurd skot

Kent van der Schaar skeat sneon sa hurd op de latte dat it doel yn Snits nei it skot hielendal út it lead stiet…..

Doelpunten
De winterstop noch lang net yn sicht en de topskoarster hat no al al 14 doelpunten. Ek is it sa dat yn de top 10 fan de
doelpuntenmakkerslist altyd wol in Posthumus stiet. Earst wie it Gearard en letter wie it foaral Jelmer. No is der Agnes…… en wij sjogge Jelmer dit ek net mear goed meitsjes dit seizoen.

SDS League
De nijste stân fan de SDS League leit jûn yn de kantine en stiet moarn hjir op de webside.

Harsens derby (1624)
No begripe wy pas wêrom it BFVW fan Marco Hoekstra sa foar it aaisykjen is. Marco Hoekstra wol fansels foarkomme dat der daliks sa ’n bult ljippen by vv Scharnegoutum op it fjild rinne:



Letter mear!