Weppers tongersdei

Weppers woansdei 7-12
7 december 2016
SDS-League: ‘Bla-bla-blafke’ pakt wykpriis!
8 december 2016

SDS? Wêr is dat?

Dat de mannen fan SVM út Marknesse it paad bjuster wiene om yn Easterein te kommen en ferdwaalden yn Ysbrechtum is noch wol te begripen, mar dat Blauw Wit, in klup út 1934, JO 19 sneon it fjild yn Skearnegoutum opsocht, liket fansels nearne nei. Miskien hiene se dochs earst Kees Jansen efkes freegje moatte.

SDS seal

Justerjûn in potsje tsjin Langweer 1. It waard úteinlik in útslach dy’t je leaver net trochfertelle (1-11).

SDS-League

Jûn wer in nije stân fan de SDS-League om 20.32 oere hjir op de webside en om 20.23 oere yn de kantine. Soe ‘Torpedo Toering’ noch boppe-oan stean? En wa pakt dizze wike de wykpriis?

Kantine

De kantine is jûn wer iepen! DJ Gerrit sil in rêstich muzykje draaie en ûnderwilens eltsenien foarsjen fan in hapke en in snapke. Fansels binne de wedstriden fan de Europa-League jûn ek te sjen op it grutte skerm!

SDS-FIFA-2017-toernoai

Moarn foar it earst yn de skiednis fan SDS in wier SDS-FIFA-2017-toernoai yn de kantine. Wy hawwe de beker sjoen en dy is tige de muoite wurdich. Lju dy moarn efkes sjen wolle binne fansels fan herte wolkom. Moarn mear oer it FIFA-toernoai hjir op de webside!

Alde doaze

1986-sds1
De “âlde doaze” foto fan hjoed komt út 1986. In hierskerpe foto mei allegear bekenden. Der binne sels guon dy fuotbalje no ek noch. Sjogge jim se?

Harsens derby (1803)

Knappe omhaal?