Weppers tongersdei 1-11

Weppers woansdei 31-10
30 oktober 2012
SDS League: Ids pakt wykpriis!
1 november 2012

SDS-ledengearkomst
Kommende woansdei 7 novimber is de ledengearkomst fan SDS. De wurklist fan dit barren stiet yn de Treffer.

SDS-snertrin en -nijjiersgearkomst
No ’t jim de aginda dochs yn de hân hawwe, kinne jim ek wol fêst opskriuwe dat de snertrin mei dêrnei de nijjiersgearkomst op sneon 5 jannewaris plakfine sil.  

OFK
Begjin jannewaris is der wer it jierlijkse Iepen frysk Kampioenskip Sealfuotbaljen yn sporthal De Trije yn Frjentsjer. Foar SDS sille hjir 3 teams oan meidwaan. SDS 1(fjild), SDS 1(froulju) en âld-SDS 1 seal.
De lotting foar dit toernoai is nei ús witten op 16 novimber.
Jim kinne hjir sjen welke teams noch mear meidogge.

Misferstân
Jim lêze hjir wolris op de webside dat b.f. it trainen net troch giet of oars wat foar de A-, B- en C-seleksje. Yn dat gefal giet it oer SDS 1, 2 en 3. As wy it oer de junioaren hawwe dan skriuwe wy A’s, B’s of C’s.
Wy begripe hiel goed dat it wolris ferwarrend is, mar dit is ea sa ûntstien yn it fuotbaljen.
Hjir efkes in lyts foarbyld oer wêrom dit sa is en SDS 1 ek wol A-seleksje neamd wurdt:
SDS 1 is net hielendal itselde as de A-seleksje. De A-seleksje bestiet út sa ’n 20 man. Dizze komme eltse kear op trainen. As de A-seleksje sneons fuotbalje moat dan nimme sy mar sa ’n 14 man mei en neame wy it SDS 1. Wurdt it fuotbaljen b.f. sneons ôflast en de A-seleksje giet trainen dan komme der 20 man. Moat dy sneons SDS 1 traine dan komme der 14 en geane dy oerbleaun 6 jongens b.f. mei mei SDS 2.
Dúdlik?

Yn Rotterdam
Johan Heerma en syn neiste famyljeleden hawwe ferline wike in besite brocht oan Rotterdam. Musea, de havens en fansels de Kuip koene op in besite fan harren rekkenje.
Yn de Kuip mienden se in bekende te sjen. Jierren lang de terrorist ûnder de fûgels op Skrok en ferfelend yn syn kommentaren. Mar is it
him wol?

Alde doaze
Ek yn 1991 wie der in kampioen. E1 krige de blommen. Ek dêr steane noch altyd fuotbaljende leden fan SDS op. Sjoch
hjir en nim genoegen mei de minne kwaliteit.

SDS League
As it allegear wat meisit dan hinget jûn de nijste stân fan de SDS League yn de SDS-kantine en stiet der fêst ek op de webside.

Harsens derby(878)
Ho!