SDS 2 wint en is troch yn de beker
29 september 2026Werom
Yn de wandelgangen hearden wy dat de O19-1 in nije fêste trainer hat. Dit is namelijk Henk Mulder út Dronryp. Henk hat earder fan 2017-2021 trainer/koach west fan de O19-1 fan SDS. Yn 2021 fertrok hy nei Tzummarum 1 en yn 2022 nei de O19-1 fan sc Franeker. Henk is noch altiten aktyf as keatser by de 50+. Henk giet no allinnich de trainingen dwaan op moandeis en woansdeis. It koachen op sneon wurdt troch û.o. Gert-Jan Hiemstra en Lieuwe Vriesema oppakt.

Henk Mulder werom
Nije netten
Op it B-fjild hawwe de goals nije netten krigen. Wy sille sneon sjen wa ’t de earste is dy ’t dizze netten bolje lit.

Bekerje
SDS 2 gie fannewike troch yn de beker nei de winst fan 6-2 op LAC Frisia 4. Sy eindigen sa as earste yn de bekerpoule. Der is ynmiddels lotte en dat betsjut dat SDS 2 op sneon 17 oktober yn Burdaard balje mei tsjin FC Birdaard 2. FC Birdaard 2 spilet yn de reserve 4e-Klasse. SDS 2 yn de reserve 3e-Klasse. De wedstriid op sneon 17 oktober begjint om 12.30 oere.
Kantine
Anne Stenekes soarget jûn foar de hapkes en snapkes nei it trainen yn de kantine. It fuotbaljen yn de Nations League is te sjen op de skermen. Elkenien is wolkom.

Sa sjocht Anne sels net folle fan de Nations League.
De Grutte klupaksje
Ek dit jier dogge wy as klup wer mei oan ‘De Grote Clubactie’, dy aksje is ynmiddels begûn.
Dat betsjut dat elk senioarenlid (fanôf de O19) twa lotten krijt. Dizze kinne jim ferkeapje as sels behâlde foar €3 it stik. Fansels bin der els jier wer leuke prizen te winnen en dêrneist stypje jim SDS.
Lieders, de lotten foar jim team bin ôf te heljen yn de bestjoerskeamer. Wol jim dizze útdiele oan jim team?
It jild wat jim krije mei it ferkeapjen fan de lotten, mei jim sels hâlde. Dit jild wurdt mei de kontribusje fan ‘e 2e helte fan it seizoen ferrekene.
Ha jim noch fragen? Lit it dan witte, mail nei: sekretaris@vv-sds.nl as belje/app nei 06-21467278.

Dé derby by Milûk yn Harns
Op snein 5 desimber hawwe wy wer de derby tusken sc Heerenveen en sc Cambuur yn it Abe-Lenstrastadion. Yn theater Milûk yn Harns hawwe sy op freed 13 novimber in nijsgjirrige jûn mei âld-sc-Heerenveenkeeper Aldo Swager en âld-sc-Cambuurspiler Sandor van der Heide. De jûn stiet ûnder lieding fan Sietze Huisman en der sil foaral praten wurde oer de belibbing fan sc Heerenveen – sc Cambuur. Jim kinne der hjir alles oer lêze.

Harsens derby (2418)
Ho!
Anguilla’s Aedan Scipio & his extremely long dreadlocks got TWO Antigua & Barbuda players suspended 🇦🇮🇦🇬
You really have got to love what Concacaf has to offer 😭😭 pic.twitter.com/7JATBtOnjc
— dedo 🇨🇦🇯🇴 (REBUILD) (@dilcps) September 27, 2026


