SDS 2 wint en is troch yn de beker

Tiisdei 20.00 oere restant beker SDS 2 – LAC Frisia 4
28 september 2026
Weppers tongersdei 1-10-2026
1 oktober 2026
Tiisdei 20.00 oere restant beker SDS 2 – LAC Frisia 4
28 september 2026
Weppers tongersdei 1-10-2026
1 oktober 2026

It restant fan de wedstriid SDS 2- LAC Frisia 4 waard tiisdeitejûn útspile.

It waard yn de restearjende minuten dy’t noch spile wurde moasten in doelpuntrike en sportive wedstriid.

It begong mei 2-1 en noch foar de koarte “break” wurdt it 3-1.

It ferfolch hjirûnder is fan de skriuwkommisje fan SDS 2.

De foto’s binne ek al klear

SDS 2 ferslacht Frisia mei 6-2

SDS 2 hat tiisdeitejûn de earder staakte bekerwedstriid tsjin Frisia mei 6-2 wûn. De wedstriid waard fuortset mei in 2-1 stân en 10 tsjin 10, nei’t beide ploegen earder in spiler kwytrekke wiene. Der stiene noch rom 50 minuten op it programma, en SDS mocht begjinne mei de oerbleaune frije traap.

Mei 10 tsjin 10 krige SDS al gau in pear dikke kânsen. Auke stjoerde Kees allinnich op de keeper ôf, mar dy koe it doel noch krekt net fine. In pear minuten letter wiene de rollen omdraaid: Kees brocht Auke yn in scoringsposysje en Auke bleau rêstich en makke der 3-1 fan.

Doe’t SDS wer mei alve man op it fjild stie, waard it noch moaier. Ewout makke op fantastyske wize de 4-1. Frisia liet it der lykwols net by sitte en kaam der in kear fluch út. Dat levere de 4-2 op. SDS liet him lykwols net fan ’e wize bringe en gie gewoan troch wêr’t it mei dwaande wie.

Kees stjoerde Jelmer op paad en dy makke der knap 5-2 fan. Efkes letter liet Jelmer ek nochris syn kwaliteiten sjen. Nei in moaie aksje joech er de bal knap foar. Auke wie der as de hinnen by en skoot de 6-2 binnen.

SDS spile dêrnei fleurich fierder en liet noch in pear prachtige oanfallen sjen. De skoare hie dan ek noch wol heger útfalle kinnen. Auke socht it doel ien kear wat te heech, wylst Sietze himsels noch in lytse útdaging joech. In bal foar in leech doel fan twa meter wie him blykber wat te maklik. Hy besleat dêrom op de peal te mikken. En ja… dat slagge wol!

Mei trije bekerwinstpartijen op rige is SDS 2 no troch nei de folgjende ronde. In moai resultaat!

Sneon giet de oandacht wer nei de kompetysje. Om 16.00 oere meie de mannen yn Ljouwert oantrede tsjin FVC.

Groetnis,

De skriuwkommisje fan SDS 2

Kees Sandstra yn aksje

 

Auke Boomsma skoart de 6-2