Weppers tiisdei

Weppers moandei 21-5
20 mei 2012
Weppers woansdei
25 mei 2012

Mulier 1 – SDS 1
SDS moast de 1-3 goedmeitsje en dat slagge nnet sûnder pine en muoite.
Feite de Haan wie de man fan de wedstriid want hij skoarde mar leafst 3 kear.
De earste fanút in frije traap fan sa’n 30 meter. De twadde fanút in frije traap fan sa’n 25 meter nei in foutsje fan de doelman. Rêststân 0-2.
Nei it skoft twadde giele kaart foar Mulier spiler mar ek de oanslútingstreffer fan Mulier.
Spannende striid en foardat Skelte Anema de 1-3 skoarde hie de latte al twa kear yn it paad hongen,
Der moast ferlingd wurde en yn dy ferlinging skoarde al wer Feite de Haan.
It bleau ferskuorrend spannend want Mulier skeat yn de lêste sekonde fan de twadde ferlinging op de peal.
1-4 de einstân.

Jierdei
Thiadmer Agricola is 8 wurden en Sjirk Jetse Vellinga 7. Lokwinske beide.