Weppers freed 5-3-2021
5 maart 2021SDS-League: ‘FC Munnaps’ pakt de wykpriis!
9 maart 2021O26-1
Jûn sil de O26-1 wer traine mei jongens fan SDS 1, 2 en de JO19-1 (twaddejiers) fanôf 19.00 oere op it keunstgers. Tongersdei traine sy op ‘e nij om 19.00 oere en it is de bedoeling om sneon om 14.30 oere in grutte ûnderlinge wedstriid te organiseren.
O26-2 tongersdei los!
It doel is om ek O26-2 dizze wike traine te litten. It giet om de jongens fan SDS 3, 4 en 5 dy ’t 26 jier binne of jonger. Sy kinne tongersdei traine fanôf 19.00 oere efter de sporthal. Hoolik binne der genôch om in alderaardichst partijtsje te spyljen.
Fytse
De KNVB-jeugdried wol graach dat de jeugd wer gau fuotbalje mei tsjin klups op fytsôfstân. Dat sil foar de SDS-jeugdteams dan wol wedstriden wurde tjsin vv Nijland, vv Scharnegoutum, sc Bolsward en vv Oosterlittens wurde. Sjoch hjir.
SDS Look-a-likes
Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd.
Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl en miskien komt der dan yn de folgende Treffer!
Lokwinskuhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhhh!
De keeper fan SDS 3, Marten Faber, is hjoed jierdei! Fan herte lokwinske!
Krekt gjin 26 mear…..
Poiesz-jeugdsponseraksje
Dizze wike allegear oan de blauwe drúven! Helje se by de Poiesz yn Skearnegoutum en stypje SDS troch de munten yn de SDS-koker te dwaan!
SDS-League
Harsens derby (2289)
Toet, toet!
Man is ruining careers out there! 😱
(🎥 INST/circlenoel)#SundayLeague pic.twitter.com/phEQXum4ys— Grass Root Goals (@GrassRootGoals_) March 5, 2021