Weppers moandei 8-12

Weppers snein 7-12
6 december 2008
Weppers tiisdei 9-12
8 december 2008

Net op it fjildsje
Der kin hjoed en moarn net traind wurde op it fjildsje foar de boksen y.f.m. wurksumheden.
Durk


Midwintercup (1)
De SDS-manlju hawwe dreech lotten foar de Midwintercup. Sy spylje yn de foarrondes op moandeitejûn 5 jannewaris yn Frentsjer tsjin: Avanti, Blauw-Wit ’34 futsal, Exstador, Warga en Holwerd.
Sjoch hjir foar de hiele lotting.

Midwintercup (2)
Ek is der lotten foar de froulju. De SDS-froulju meitsje harren debút op de Midwintercup tsjin: Berlikum, Futsal Heerenveen, HZVV, Ternaard en DTD.
Sy spylje harren foarronde op woansdeitejûn 7 jannewaris yn de Wiardahal yn Ljouwert.

It Greidhoeketoernoai 

Sneon wie it Greidhoeketoernooi fan de D-pupillen. De opkomst wie bêst te nimmen. Fan de 27 pupillen
wiene der 21 dy meidienen sadat mei 4 teams in hele kompetysje spile wurde koe. Eltsenien hat dan ek 6 wedstriiden fan 11 minuten spile. It wie yn it begjin efen wennen want foar de pauze waard der yn 6 wedstriiden ‘mar’ 10 kear skoard.
Yn de twadde rûnde wie it oars want der wurde omraak skoart. De teller stoppe uteinliks by 30 goals. In moai begjin fan de sealtoernoaien. Oer 2 wike is it eigen krysttoernoai foar de D, E en F pupillen.
(Anco)

Wa is de beste spits?

Jappie en Harm Auke koene it juster net goed echt goed fine meielkoar yn it fjild. Anco Elgersma seach dat sa.
Dat Jappie en Harm Auke juster it net goed fine koene hie namelik in reden. Yn de kantine fan Read Giel stie in fuotbaltafel en sy setten mekoar alfêst op skerp troch efen tsjin mekoar te spyljen. Wat de útslach wie wit ik net mar ik ha wol in foto meitsje kinnen. (Anco)

Topskoarderslist
Jappie en Harm Auke, beide fan SDS 5,stride tegearre om de topskoorderstitel 2008-2009. Gelokkich bliuwe se elkoar oanspyljen. Sjoch
hjir foar de hiele list.

Kuorkebalje
Sneontejûn siet Feite de Haan yn de sporthalkantine nei it kuorkeboljen te sjen. Hy kaam tot de opfallende konklúsje dat hy alle sporten wol beoefene hat útsein kuorkebaljen. Hjir moast fansels feroaring yn komme. Sneontejûn binne der lyk spikers mei koppen slein. Feite sil woansdeitejûn om 19.30 meitraine mei WWC 1 yn de sporthal yn Easterein. Wy sille fan Feite dus wol heare as dat no ek wier is fan dat gemengd douchen…….

Sealtrainen

MAANDAG E1 08-dec 17.00 REMCO BERVOETS/JELLE
DONDERDAG E2 11-dec 17.00 BAUKE DIJKSTRA
DONDERDAG E3 11-dec 17.00 FEIKO SCHEEPVAART
VRIJDAG E4 12-dec 17.00 AANT HOFSTRA/JELLE

Foutsje!
Je meie ferwachtsje dat in fuotbalferslachjouwer neutraal is. Dizze Limburger is it yn elts gefal net en lit dúdlik blike neat mei VVV te hawwen en mei nammen net mei dy alderaardichste spits…………