Weppers tiisdei 8-9

Weppers moandei 7-9
6 september 2015
Weppers tongersdei 10-9
9 september 2015

B1
Juster noch in berjocht dat se woansdei fuotbalje moasten. hjoed is it al wer efterhelle. Scharnegoutum B1 – SDS B1 wurdt woansdei net spile.

SDS 2 net troch yn de beker
SDS 2 hat foar de beker 2 kear wûn en ien kear ferlern. De oare teams hienen mar ien kear wûn, dus SDS 2 makke in goeie kans op de twadde ronde. Dat rûn dochs efkes oars. De KNVB sette Zeerobben út de bekerkompetysje en dat betsjutte dat de wedstriden tsjin Zeerobben net mear meitelde. Sawol VVI, SDS en Leovardia kamen sa op 3 punten. VVI waard earste op doelsaldo, SDS 2e en Leovardia 3e, wylst SDS fan VVI wûn en fan Leovardia ferlear. Begripe jim it noch?

Sûnder skieds?
Dit is neffens ús ek wol wat foar SDS; sjoch hjir.

SDS League
Doch ek mei oan de SDS-League!
De earste 5 hawwe harren formulier alwer ynlevere.
Jim kinne it formulier hjir delhelje.
Graach in team ynfulle mei in 4-3-3-opstelling en net mear as ien spiler per klup.
Graach ynleverje foar sneon 19 septimber 19.00 oere.


Winterskoft?
Good-old Harm Stremler pakte ôfrûne sneon in reade kaart yn Starum tsjin QVC 1 in terjochte reade kaart. Dêrmei kin hy fêst genietsje gean fan it winterskoft, want de KNVB hat him in foarlopige skorsing jûn fan 7 wedstriden……….. En nee, de tsjinstanner libbet noch…..

Fan hearen en sizzen
As Turkije ferliest fan Ijsland en wij winne mei 9-0 van Kazastan en Frankryk lûkt organisaasje yn en NL organiseart it, dan gean we dochs noch…….

Dooitze
Ek tongersdei is striker Dooitze der net. Ria Heitbrink ferfangt him. 

Monnikenwurk
It wie wer monnikenwurk, mar alle kompetysjeprogramma’s fan alle SDS-teams steane hjir no wer op de webside by desbetreffende teams. Allinnich dy fan SDS Vr.2 blykt noch net bekend te wêzen en dy fan MC1 rint mar oan ’t en mei 17 oktober.

Programma sneon
Kommende sneon giet it wer los mei hast alle kompetysjes. It programma kinne jim
hjir alfêst sjen.  En nei al dy ynspanningen is it tiid foar ûntspanning. Dat kin fanôf 17.00 oere op it Greidhoekfestival.

Teamfoto’s
Wy binne wei fan teamfoto’s en binne hiel benijd welke teams no mei de earste teamfoto’s komme. It liket ús wol aardich dat foar it earst yn jierren alle teamfoto’s hjir wer ris op de webside komme te stean. Mail se nei ús beiden.

Harsens derby (1589)
“Tikkie werom, Jaap!”