Evenementen in november 2022

SDS League: Doch ek mei!
6 september 2015
Weppers tiisdei 8-9
7 september 2015

Programma kommende wike
Der soe dizze wike noch ien bekerwedstriid op jûn wêze. Mar SDS B1 – tsjin Scharnegoutum B1 giet net troch.

SDS-klean
Kommende sneon kin der fan 9.30 oere – 11.00 oere wer SDS-klean kocht wurde yn de SDS-kantine. By fragen skilje Douwe-Dirk 0515-332500

De “hand of God” of de fluit fan de skeids
 

Moai sa’n foto fan Maradona dy’t de skeids noch efkes tank seit foar iets. De skiedsrjochter fan Ingelân – Argentinië op it WK 1986 krijt in tút fan Maradona wêrby in “Hân” miskien mear op syn plak wie……..

Triatlon
Meardere SDS-ers wiene sneon aktyf op de triatlon  yn Wommels. Se hiene it fuotbal foar ien kear ôfsein of hiene gelok dat se net hoechden. De útslaggen binne
hjir te sjen en foaral de goeie tiid fan Tsjipke Klaas bij de 1/4 triatlon falt op.

SDS League
Wa wurdt de 46e winner fan de SDS League?
Wy binne hiel benijd!
It kostet noch altiten €12,50 per seizoenshelte om mei te dwaan oan de SDS League. 
Eltse wike is der in wykpriis te winnen. 
De einprizen binne ôfhinklijk fan it tal dielnimmers.
Jim kinne it formulier hjir delhelje.
Graach in team ynfulle mei in 4-3-3-opstelling en net mear as ien spiler per klup.
Graach ynleverje foar sneon 19 septimber 19.00 oere.



Besikers
Dat it fuotbaljen yn in wykein ôflast wurdt is foar net ien leuk. Útsein de 2 wepmasters dan……. Wêr ’t de SDS-webside normaal sprutsen gemiddeld sa ’n 500 besikers lûkt en yn it wykein sa ’n 700 oan ’t 800, kamen der no sneon ‘mear as 1000 lju sjen as it fuotbaljen wol troch gie.

Alderaardichst
De mannen kinne folgend jier in skoft op fakansje……….
Permalink voor ingesloten afbeelding

Harsens derby (1588)
As je it sa wolle dan slagget it net.