Weppers tiisdei 8-4

Weppers moandei 7-4
5 april 2008
SDS’ers derop út
8 april 2008

Ynhelje?
Kommende sneon is der foar SDS 1,2 en 3 in ynhelprogramma. Sy hoefe allinnich alle trije net. SDS 2 spilet folgende wike tiisdei om 18.45 syn ynhelwedstryd út tsjin Nijland 2. 

Futsal(1)
De sealfuotballers fan SDS spylje moarntejûn alwer harren lêste wedstryd fan de kompetysje. Sy spylje om 20.00 thús tsjin Leeuwarden 1.

Futsal(2)
De sealfuotballers fan SDS 3 hawwe fannejûn alwer in derby. Sy spylje jûn út tsjin Workum 5. Wy binne benijd as sy krekt sa as SDS 1 foarige wike de punten meinimme út Warkum.

Ynhelprogramma

9-4-2008

18:30

SDS D1 – Berlikum SC D1

9-4-2008

18:30

SDS E2 – Zeerobben E3

9-4-2008

18:30

SDS F1 – Annaparochie St. F1

Begraaf mijn hart in de bocht van de rivier
Freedtejûn wie Willem van Hanegem yn de wereld draait door. Hij fertelde dêr oer syn nijs hobby: skilderje (oars as de Brouwers) en oer it oer it ienige boek wat hij ea foar trije kwart útlêzen hat.  Sjoch dit leuke interfjoe.

It ieltsje wie dea
Moai dat it ieltsje de webmaster goed smakke hat. Ik fyn it fierder ek netsjes dat it ieltsje ferpakt siet yn een krantepagina mei oerlijdensadfertinsjes…… 
gr Sipke


SDS League
Moarntejûn kinne jim hjir de nije stân fan de SDS League besjen.

Midsimmercup 2008?
Wy binne benijd as der dit jier ek wer om de
Midsimmercup
 fuotballe wurdt yn Dronryp. Wy hawwe der noch neat oer heard. Wa ús der wat oer sizze kin mei maile nei info@vv-sds.nl

Spyldagenkalinder 2008-2009
Dit seizoen is noch net iens dien mar de KNVB hat de spyldagenkalinder foar kommend seizoen al klear. Jim kinne him hjir besjen.

Hy is moai(3)
Wy meie gjin foaroardielen hawwe, mar dit kin fansels allinnich mar yn België: