Weppers moandei 7-4

Weppers snein 6-4
4 april 2008
Weppers tiisdei 8-4
7 april 2008

Sjurtsjes
It wie allegear like spannend sneon om in foltallige seleksje fan SDS 5 yn it fjild te krijen. Klaas mocht net yn de tún en moast dus mei en Folkert Rients like fuort te bliuwen en sadwaande sieten der om kertier oer twaen dochs noch 12 man en Daan yn de boks yn Idskenhuzen.
En dochs mistte der wat: de sjurtsjes.
Dy stiene noch bij Stoffel thús. Mei tank oan
de tsjinstanner koe der yn in kreas grien sjurt fuotballe wurde.

En Stoffel seach dat it jaaiersgrien elkenien goed stiet.

Panyk
Der wie lichtelik panyk sneontemiddei doe’t SDS 3, SDS 4 en SDS 5 klear stiene om fuort te gean.

It begûn allegear mei SDS 3. Der wie al in ûnferwachte ôfsizzing en der bleaune ek noch twa fuort. Jappie bellet…

En dus moast Ivo mar efkes heare wêr’t Gearard wie, want dy soe mei SDS 3. Mar hat er Gearard syn nûmer of sit dat bij Bas yn de tillefoan?

Gelokkich Sjoerd springt bij. Hij freget oan Akke wat it nûmer fan Gearard is……
Doe’t se Gearard úteinlik berikten die bliken dat hij net wist dat er mei SDS 3 moast.

Dochs gjin sukkels 
Natuurlijk bied ook ik mijn excuus aan.
Ik tuinde met open ogen in jullie leuke grap.
Nogmaals mijn oprechte excuus voor sukkel. 
Groetnis Wicky

Gjin geskikte spitsen foar SDS
Wy ferwachtsje net dat de famylje De Jong(Jan en Durk) nei Barcelona-Getafe sjoen te hawwen mei in geskikte spits foar SDS út Spanje werom komme(klik hjir). 

Bliid?
Hjalmar Ruiter wie sneon tige bliid mei syn goal foar SDS 2. Yn twa eardere wedstriden slagge it him net om foar in leech goal te skoren. No slagge dit al en kaam der in hiele ûntlading. Hy draafde mei gang op Willem ôf en sprong by him op. Dizze wie wat minder bliid mei in tosk troch de lippe……

In rekkensomke
SDS 5 ferlear sneon mei 6-0 fan VVI. Dat liket in soad mar wij hawwe efkes kontakt socht mei Aad de Mos om te freegjen wat dit sifermatich betsjut.
“Kijk dy lui hebben en een doelsaldo van 130 voor en 20 tegen. En dat in 15 wedstrijden. Dat is gemiddeld een saldo van 7 per wedstrijd. Zij verliezen nooit, dus met 6-0 zit je beneden de 7 en ben in je dichterbij gekomen en heb nog alle kans om tweede te worden”

Doelpuntenmakkers
Gearard Posthumus moast sneon mei SDS 3 mei. Dat makke him neat út. Ek dêr skoarde hij. Sels twa kear. Hij hat er no al 19 stean. Sjoch hjir foar
de list.

SDS Tassen Registraasje Systeem (TRS)
Wy hawwe al in hiel soad, mar noch net allegear. Mail je tasnûmer nei
info@vv-sds.nl!

Kampioen

Lourens van der Pol fan E1 is sneon NoordNed kampioen wurden yn judo. Fan herte lokwinske.

Hy is moai(2)
Ek dizze mei der wêze en dan bedoele wy net de musyk.