Weppers moandei 7-12

Weppers snein 6-12
5 december 2009
Weppers tiisdei 8-12
7 december 2009

Traine
De B sel. traint tiisdei om 19.30  ipv 20.oo oere
Klaas

Moandeitejûn sealfuotbaljûn
De sealfuotballers fan SDS 1 meie jûn nei Staphorst om dêr om 21.10 te fuotbaljen tsjin ZVVS 1. Tsjipke, Feite, Freek, Ruurd, Jildert en Willem fertrekke om 19.45.

Sealtraine
Fannemiddei sil SDS F1 yn de seal traine fan 17.00 oan ’t 18.00. Sjoch hjir foar de rest fan it sealtrainskema.

Kontrole

Sneontemoarn, goed 11 oere. In teloargestelde assistent skiedsrjochter en spits kontroleare sels de tastân fan it fjild. Harren konkluuzje: it kin net!

Dr Goossens
In Belgyske dokter is hiel dúdlik yn it ûntstean fan spierblessures. Dooitze Nauta wiisde ús op
dit artikel. At hij it mei dr. Goossens iens is stie der net bij.

25
7 desimber 1984 waard Skelte Anema berne. Dat betsjut dat hij hjoed 25 jier jier wurdt. Fan herte lokwinske.

Ynhelje
Sneon 19 desimber stiet as in ynhelsneon op papier bij de KNVB. Wij witte no al dat dit foar de measte SDS-alvetallen betsjut dat men oantrede moat. Sa moat SDS 1 nei Bant, SDS 2 nei Hurdegaryp en sil SDS 5 nei Ferwert moatte.

Harsens derby (94)
De spilers fan Ascoli hawwe net yn de gaten dat der in spiler fan Reggina blesseard op it fjild leit. Wylst de spilers fan Regina stopje mei fuotbaljen skoort Ascoli. Sy meitsje it letter goed troch Reggina sa skore te litten: