Weppers tiisdei 8-1

Opjaan foar SDS-sealtoernoaien
7 januari 2013
Koppie…. koppie 4
8 januari 2013

SDS-froulju útskeakele op it OFK
Justerjûn binne de froulju fan SDS der net yn slagge om de folgende ronde te berikken. Yn in drege poule slaggen sy der yn om in puntsje te pakken tsjin Heerenveense Boys 2(0-0). Fan Nieuw-Roden, Flevo Boys en LAC Frisia waard mei 3-0 ferlern en fan de OFK-winner fan foarich jier, Drachtster Boys, mei 4-0. De froulju fan Drachtster Boys wûnen de poule úteinlik.

Drs. Vijfje 1 troch op it OFK
Kommende sneon is der alwer in âld-SDS’er te bewonderjen op de finaleronde fan it OFK. Freek Tichelman waard juster mei Drs. Vijfje 1 earste yn de poule.

SDS-sealtoernoaien
Kommende sneon is it sealtoernoai foar de B- en C-junioaren en de wike derop fan de A-junioaren, senioaren en âld-SDS-leden. Jim kinne der hjir alles oer lêze en jim opjaan.

Traine
SDS 2 en 3 sille moarn foar it earst wer los op it fjild. Sy traine om 20.30 op it keunstgers fan VV Wit-Zwart/Sneek.

Harsens derby(928)
Hite kroketten!!