Weppers tiisdei 5-6

Weppers moandei 4-6
4 juni 2012
Weppers woansdei 6-6
5 juni 2012

17 en 18
Amarins Tjalsma wurdt hjoed 18 en Gosse Vellinga moat dêr noch in jier op wachtsje. Beide fan herte lokwinske mei de jierdei fan hjoed.

SDS 65 jier
Op freed 10 augustus bestiet SDS 65 jier. Dizze dei sil dan ek yn it teken stean fan SDS. Binnenkoart kinne je je hjir opjaan foar it fuotbaltoernoai(sawol foar de jeugd as de senioaren) en de barbekjoe. Fierder sil der ek noch it ien en oar te rêden wêze. Set de datum yn elts gefal mar fêst yn de aginda en stel je fakansje noch in wike út.

Habtamu werom
Habtamu de Hoop giet wer by SDS fuotbaljen. 2 jier hat hy it by LSC probeare, mar no fynt hy it wer tiid om by SDS te fuotbaljen.

EK sjen

SDS EK-League
De earste 36 oanmeldingen foar de EK pool fan SDS binne binnen, mar dat is noch neat. Us rie is lûk efkes in kertierke út om him yn te fullen. Jim kinne hjir sjen wêr ’t jim dat dwaan kinne en hoe.
Let wol, der binne noch mar in pear
dagen om it te dwaan. Kommende freed 7 juny om 20.00 slút de ynskriuwing.


Twitterje yn it Frysk
Der wurdt ek troch SDS-ers hieltyd mear twittere. Opfallend, of krekt net is it feit dat der aardich yn it Frysk twittere wurdt.
Mei help fan in supperintellingente sykmasjine is der no in top 500 gearstald oer it twitterjen yn it Frysk. At de list in betrouber byld jout en at de folchoarder sa’t dy der no stiet rjocht docht oan it Frysk twitterjen is de fraach mar feit is wol dat der aardich wat bekenden fan ús yn steane. Sjoch
hjir.

Heizel 1985
Op 29 maaie 1985 gie de Europacup 1-finale tusken Juventus en Liverpool. Wat in grut fuotbalfeest wurde moast, waard in grut drama. Mar leafst 39 deaden foelen der yn it Heizelstadion yn België. Op de BRT hat in yndrukwekkende dokumentêre oer dit barren west. Dizze is no ek op Youtube te sjen yn 6 dielen fan sa ’n 10 minuten. Wier de muoite wurdich(klik hjir).


Harsens derby (778)
Ek de wedstryd fan Nederlân tsjin Spanje yn de heale finale fan it EK sjogge wy hielendal sitten: