Sneon 2-2-2019

Weppers freed 1-2-2019
1 februari 2019
Weppers tiisdei 5-2-2019
5 februari 2019

Hoed op it keunstgers in deifullend programma. Oefenje en de lêste wedstriid kompetysje fan VR1.

SDS 1 giet nei Minnertsga.

08:45 SDS JO17-2 SDS JO17-1 0-3
10:30 SDS JO19-1 ONS JO19 7-2
12:20 SDS JO12-1 MKV’29 JO12-1 seal
12:30 SDS 2 ONT 2 1-3
13:35 Frisia JO12-1 SDS JO12-1 seal
14:00 SDS JO10-1 Frisia JO10-4 seal
14:30 Minnertsga 1 SDS 1 0-0
14:30 QVC 3 SDS 4 3-0
14:30 SDS VR1 Annaparochie St. VR2 3-1
14:40 Oosterlittens JO10-1 SDS JO10-1 seal
15:15 SDS JO13-1 Leeuwarder Zwaluwen JO13-2 seal

SDS Vr.1 wint!

Yes! De winterstop is wer foarbij dus we meie wer begjinne oan us eerste competitiewedstriid fan 2019. Gelukkig he we olkoar net mist yn de winterstop, want we he us teamuitje han en binne fanof foarige wike wer begong mei trainen. Hjoed stjit de (inhaal)wedstriid tsjin St. Anne op it programma. Mei goed waar begjinne we de wedstriid op it hoofdfjild fan SDS.
Yn it begjin gjit it gelyk op. Nei in kertier jout Seriette in mooie steekpass op Femke, Femke makket in goeie foarset op Jeska en die scoort it eerste goal! Dernei binne der spannende kansen foar us. Alissa sjit fanof 20 meter op it goal en de keeper kin der net bij, mar helaas komt de bal krekt tsjin de latte en stuit hij wer werom. St. Anne krijt in kans om frij op it goal af te rinnen, hjirtroch score se: 1-1. Foar de rust scoort Femke nog in mooi goal troch de foarten fan de keeper. Femke har eerste goal bij de dames!
De 2e helte gebeurt der net in heel soad. We komme in soad bij hun goal mar der komme gjin goals ut. Uteinlik makket Jeska nog in goeie foarset op Seriette en die scoort de 3-1! Dit is dan ek de eindstand.
Folgende wike meie we wer tsjin St. Anne en komme we dan bij hun op bezoek. Hopelik pakke we dan de 3 punten wer!
Groetjes Lysanne

SDS 1 ferjit himsels te beleanen

SDS 1 spile hjoed knap tsjin Minnertsga 1. Wêr as de hinnewedstriid Minnertsga wat better wie, mocht SDS him no de bettere ploech nimme. Yn it earste kertier levere dit al 4 grutte kansen op en yn it lêst ek noch twa, mar spitich genôch levere dit gjin goals op en bleaun it 0-0.
Henk Bootsma wie juster ek yn Minnertsgea en makke wer prachtige plaatsjes. Sjoch hjir mar ris.

Foto Henk Bootsma

SDS 45+ fertsjinstlik op OFK 45+

SDS 45+ die juster mei oan it OFK foar 45+ en die it net gek. Sy hellen krekt net de kwartfinales. Sy kamen ien puntsje te koart. 2x winst, 1x gelyk en 1x ferlern.
Foarút 45+ hat it OFK wûn. Sy wûnen yn de finale fan Burgum. Minnertsgea en Mulier waarden dield 3e.

SDS Jo17-1 en JO17-2 oefenje

SDS JO17-1 en JO17-2 hawwe sneontemoarn efkes oefene. Earst tsjinelkoar (winst foar JO17-1) en dêrnei trochelkoar.

Efkes Balje

De maatskiplike diskusje oer it klimaat, oer de IS, oer de Brexit en oer Swarte Pyt gean net foarbij oan de Efkes Ballers.
Jim kinne jim foarstelle dat Swarte Pyt wol de boppetoan hat.
Der kaam dan ek in skoft lyn in foarstel om ien fan de Efkes Ballers it “slavebestean”te ûndergean te litten.
Hij mocht dan ek foar twa wiken de ûnderdrukte sfear priuwe op ien fan de eilânnen yn it Karibysk gebiet begjinnend mei in A, in B, in C of in S.
It foardiel dêr wie dat hij fersekere wie fan in lekker temperatuerke troch in fûle sinne mei as gefolch dat der ek in donker kleurke ûntstiet.
Hij wie krekt op tiid werom foar it Efkes Baljen fan freed en neidat hij elkenien fersekere hie dat hij it echt wol wie, koe it los. Der wie in ûneven oantal. De ultime testomjouwing, want neidat de stân net alhiel gelyk opgie, moast der in “slavetransfer” plakfine. De keus wie maklik fansels en de proseduere ek.
Sûnder tsjinwurd akseptearde hij syn fanselssprekkend lot en hij siet yn de finale dus bij de winnende partij, dy’t de giele hesjes oanhiene.
Sûnder geprottel, sûnder demonstraasje.
In moaie jûn úteinlik want hij wie de grutte winner.

Fansels moatte wij ôfwachtsje hoe’t it allegear ferwurke wurdt de kommende wiken.

Sûnder hes: Wouter, Menno, Wybren, Folkert Rients, Syb en Johan
Mei hes: Theo, Ferrie, Harrie, Frank, Aant en Johan

Aant