Weppers tiisdei 4-8-2026

Weppers tongersdei 30-7-2026
30 juli 2026
Weppers tongersdei 30-7-2026
30 juli 2026

SDS’ers op de Freule

Moarn is de 124e Freule. Ek dit jier dogge der wer guon SDS’ers mei oan de Freule. Foar Wommels keatse de SDS’ers Zenn Hoitenga en Evan de Jong, by Reahûs-Turns keatst Wiebren Tamminga, by Winsum Jelmar de Vries en by Dokkum keatst âld-SDS’er Tymen Bults. Foar Easterein keatse Sander Velzen, Bauke-Jan Dijkstra en Pieter-Age van der Weide. As wy noch in SDS’er mist hawwe lit it ús dan efkes witte.
Wommels hat partoer 2 en mei as earste los.

Ald-SDS’er yn de haven

De jûns foar de Freule is der tradisjegetrou ‘Lêze foar de Freule’ yn de jachthaven fan Wommels mei dit jier as sprekker âld-SDS’er Freddie Scheltema.
It begjint om 20.00 oere mei de Freulesjongers.

Oefenje

SDS 1 sil nije wike woansdei 11 augustus foar it earst oefenje. Sy dogge dat thús om 20.15 oere tsjin Lions 1.

Harsens derby (2406)

Toet, tooooooooooooooooooooooooooooooooooeet!