Kompetysje-yndielingen SDS 2, 3 en 4.

Weppers tiisdei 4-8-2026
4 augustus 2026
Weppers tiisdei 4-8-2026
4 augustus 2026

De kompetysje-yndielingen fan SDS 2, 3 en 4 binne ek bekend makke troch de KNVB. It sjocht der sa út:


Dit liket ús foar SDS 2 in prima yndieling. Allegear doarpsklups mei in pear stedsklups der by.


SDS 3 komt wer de bekende tsjinstanners tsjin. Fansels wer Hielpen 2 en ek QVC wer. Heeg 3 mei it no ris by SDS 3 yn de kompetysje probearje ynstee fan by SDS 4.


Mulier 2 waard it ôfrûne seizoen noch kampioen by SDS 3 yn de kompetysje en mei it no by SDS 4 probearje. Wêr ’t SDS 3 Oeverzwaluwen 2, WPB 3, ONS 3 en Hielpen 2 treft docht SDS 4 it mei Oeverzwaluwen 3, ONS 4, WPB 4 en Hielpen 3. Oudega 1 wol skylk wer yn de reguliere kompetysje foar standaardteams, mar fuotballet kommend seizoen noch in seizoen yn de Reserve-Klasse.