Weppers tiisdei 4-11

Útslach kursistenkwis
3 november 2008
Weppers woansdei 5-11
4 november 2008

SDS wint
SDS 1 hat tiisdeitejûn de wedstryd tsjin WPB wûn mei 2-3.  De wedstryd begong mei 0-2 en it wie WPB dat op 1-2 kaam. Troch Skelte Anema waard it 1-3 en WPB kaam noch ien kear werom. Woansdei mear…

Stoere meiden oplette!
Freed 7, 14, 21 en 28 novimber om 19.00 oere binne der gratis fuotbalclinics foar de famkes ut de groepen 7/8 en de brugklas, fersoarge troch in proffesjonele trainer.
Fynst it fuotbal nei de clinics hielendal geweldich, dan kinsto dy by de trainer oanmelde foar famkesfuotbal by SDS. Binne der genoch famkes dy’t dat wol sitten sjogge, dan starte we nei de winterstop mei in trainingsploech foar jimme leeftyd!
Al 15 meiden ha harren oanmelden foar dizze sportieve juntsjes.
Wolsto ek noch meidwaan?
Jou dy dan foar tongersdei 6 novimber op by Anke van Asselt (ankevanasselt@hotmail.com)
Regelje at it even kin fuotbalskuon en skeenbeskermers by klasgenoaten, en kom no freed om 19.00 oere yn sportieve klean nei de sportfjilden yn Easterein!

Dreamdebút
Oké, die Pool scoorde voor H’veen in zijn eerste wedstrijd. Mooi, maar dat kunnen ze in de F’jes beter: F3 had te weinig spelers en nodigde Steven van der Pol, aankomend speler van F4 uit. Bij vertrek bleek dat er nog niet genoeg spelers waren. Sjoerd de Boer, ook aankomend speler van F4, ging zaterdagmorgen niets vermoedend met heit naar de Jumbo. Daar werd hij bij de schuifdeur weggeplukt met de vraag of hij ook mee wilde spelen. Beduusd zei hij ja en scoorde meteen vijf keer!  Ook Steven scoorde in zijn debuutwedstrijd. Begin van een paar mooie jongensboeken?
Tjerk

Wedstrydferslagen
Wy binne hiel wiis mei alle wedstrydferslagen dy ’t wy sneons en sneins allegear krije. Wy hawwe ynmiddels suver al wat fêste ferslachjouwers lykas Siem Sikma fan SDS 1 en Sjoerd van Beem fan SDS 3. Jim sil allinnich wol benijd wêze wêr ’t it ferslach fan SDS 3 fan Sjoerd fan ôfrûne sneon bliuwt. Wy ek, want Sjoerd hat ús al maild mar de bylage is wierskynlik yn de Bonkefeart bedarre of efter de Oldehove hingjen bleaun.
Lokkich hat Aant it ferslach juster fûn en by út- en ferslaggen delsetten.

Wat letter
It ferslach fan it restant fan de wedstryd fan jûn tusken WPB 1 en SDS 1 komt wat letter:
Het verslag van de wedstrijd van vanavond komt vrijdag omdat wij twee dagen afwezig zijn.
Siem Sikma


Futsal
SDS 2 moat moarntejûn om 20.30 yn Easterein sealfuotbalje tsjin Haskerland 6. De wedstryd wurdt lieden troch nimmen minder as Dhr. Schripsema.

Ek bij de klup
Ik soe hiel graach by de supporters fan Feyenoord neamd wolle wurde!
In fan al sa lang ik my heuche kin.
Ik haw it wolris dreech hân, kriig gjin steun fan it thusfront (heit en broerke foar Ajax) en no al hielendal net mear (Robert noch folle mear foar Ajax).
Mar ik tink dat je der as supporter allinich mar sterker troch wurde…
Robert miende my yn it begjin noch wol oer helje te kinnen, mar hy is der no wol efter kommen dat in echte Feyenoordfan noait in Ajaxfan wurde kin… 
Hahahahahaha….. No, yn elts gefal, ik hear mei trots by dizze oanhang! 
Groetnis Wiepkje

Noch ien by de klup
Als rasechte Feyenoorder, en voetbalfanaat in hart en nieren kan je niet achterblijven om de mooiste club van nederland ook in moelijke tijden te steunen. Samen met Wietse Klaas vormen wij een front in een gezin waar Harm (Ajax, we vergeven het hem), Tineke (Heerenveen) en Bart(SDS) de andere voetbalfanaten zijn.
Gelukkig weten wij ons gesteund door een groot aantal mede Feyenoord-SDS’ers.
En zoals ik regelmatig tegen de Famkes van SDS zeg, geldt het ook voor Feyenoord: “Het komt allemaal wel goed”.
Andre Christiaan

SDS League
De ôfrûne wike wienen der in bult punten te ferdielen yn de SDS League mei it dûbele kompetysjeprogramma. Wy binne no dwaande om de punten te sammeljen en hoopje se moarntejûn by de goeie teams delsetten te hawwen.

Fier yngoaie
Rory Delap fan Stoke City kin in hiel ein yngoaie. Mei dit wapen hat hy al ferskeidene keren sukses hân. Ek ôfrûne wykein hie de keeper fan Arsenal it dreech mei de fiere yngoaien. Sjoch hjir mar ris hoe mâl Delap yngoaie kin: