Weppers woansdei 5-11

Weppers tiisdei 4-11
3 november 2008
SDS League: 2 wykpriiswinners!
5 november 2008

Earder traine
De A-junioaren traine jûn om 
19.00 oere!
Klaas Pompstra


Floris krijt bal
Floris Hiemstra hat tiisdeitejûn nei ôfrin fan de wedstryd WPB 1 – SDS 1 de wedstrydbal krigen. Mei de nammen fan de spilers derop. De bal wie oanbean troch Geert en Gatske Hiemstra, de âlders fan Floris.

Tankwurd
Douwe Reitsma hat tiisdeitejûn as foarsitter fan SDS en út namme fan de famylje Hiemstra elkenien tanksein foar it optreden begjin oktober tidens de wedstryd WPB – SDS.
Willem Wijnia, Dooitze Nauta, Gerrit van Solkema, Eelke Dotinga en Karin Smit wiene al earder yn de blommen setten en waarden no nochris nei foaren helle yn de kantine fan WPB.

Wa skoort?
SDS skoorde in  prima doelpunt. In hurde foarset waard troch Skelte Anema prachtich stoppe en behearst ynsketten. Entoesjasme ek bij Oebele Anema, dy’t in nije bril prebeare: “”wa hat er no feitlik skoord”. “Skelte, dyn soan”, wie it antwurd

Giel
Wat Oebele wol goed seach wie de giele kaart dy’t Skelte krige: “Gtfrdkke, dy kloat”, kaam spontaan út syn mûle.

Rûnom Easterein

Kommende snein 9 novimber is de fytstocht “Rûnom Easterein”. Neffens afstandmeten.nl is ien rûntsje 13.65 kilometer. Der wurde 3 rûntsjes ferriden. Opjaan kin noch by Dirk Yde( 
dysjaarda@gmail.com 
06-54385633)
Moarn mear  oer dizze takomstige hurdfytsklassiker!


SDS League
De punten binne wer ferjûn en de nijste stân stiet jûn hjir op de webside.


Nije kalker
No ’t Harm Bergsma ophâldt as kalker siket SDS om in nije. Dit wurk wurdt noch wolris ûnderskat. It is namelijk net sûnder gefaar. As der kalke wurdt moat it fjild net tagelyk sproeid wurde.