Útslach kursistenkwis

TikkieterugTruus
2 november 2008
Weppers tiisdei 4-11
3 november 2008

Foarige wike kaam Lody Roembiak tegeare mei syn meikursisten foar Oefenmeester 3 in middei nei Easterein. Alle kursisten hawwe by betelle klups fuotballe en wy wienen benijd as jim ús sizze koenen welke.
Johan de Graaf kaam it fierst mei syn antwurden. Johan hie sels ek noch útsocht hoefolle wedstriden de mannen allegear yn it betelle fuotbal spile hawwe en hoefolle goals sy makke hawwe.
Ek Enne Bruinsma, Appie Posthumus en Fedde Wiersma kamen in hiel ein mei harren antwurden.

Hjir de goeie antwurden neffens ús:

Nr Voorn Naam Clubs:
1 Peter Barendse Feyenoord, SVV / Dordrecht ’90 / BVV Den Bosch
2 Kare Becker Fc Zwolle / Heracles Almelo / MVV
3 Edwin Duim Pec Zwolle
6 Frank Kooiman Sparta / VVV / Fc Utrecht / PSV / Fc Dordrecht
7 Armand Mannen FC Wageningen
8 Abilio Maximiano Excelsior / Dordrect ’90 / Fc Groningen / Fc den Bosch
9 Sander Oostrom Stormvogels Telstar / Haarlem / NAC Breda / Pohan Steelers (Zd Korea) 
10 Martin van Ophuizen AZ / Fortuna Sittard
11 René Panhuis Ajax/Telstar / Cambuur
12 Rik Platvoet Fc Twente / MVV / Emmen / Heracles Almelo / Ado den Haag / VVV /
Go ahead Eagles
13 Peter van Putten NEC / Go ahead Eagles
14 Rob Rijnink Ajax /Roda/AZ/VVV
15 Lody Roembiak Fc de Haag /Sparta/SC Cambuur/ FC Zwolle/ De Graafschap/Antalyaspor/ BV Veendam/FC Aarau/Werder Bremen/Waldof Mannheim
16 Melchior Schoenmakers Sc Heerenveen / Fc Groningen / Fc de Bosch / BV Veendam / Emmen / Go ahead Eagles
17 René Stam Fc den Haag / Ado den Haag
18 Job ten Thije Sc Heracles / Heracles Almelo
19 Remco Torken Ado den Haag / Top Oss / SK Beveren / Helmond Sport/VVV
20 Edmund Vriesde  Fc den Haag / Ado den Haag


Fedde Wiersma wist seker dat Peter Barendse yn it ferline foar Feyenoord fuotballe hat. As hy syn namme echter yn Google socht dan kaam hy hieltiten op dizze side út(klik hjir). “Is dit deselde as de spiler fan Feijenoord ?? Ik bin in Feijenoord man, mar ha nea witten dat dêr ek sokke jongens om stapten!”, wie Fedde syn kommintaar.

De âld-spiler fan Feyenoord wie ynderdaad Peter Barendse. De 2 âld-Ajacieden wienen Rob Rijnink en Rene Panhuis. Rene Panhuis hat allinnich nea in wedstryd foar Ajax 1 fuotballe. Rob Rijnink debuteare yn it seizoen ’84-’85 yn Ajax 1 en waard sjoen as in grut talint (sjoch
hjir). Hy rêde it úteinlik net yn Ajax 1 en waard al gau ferhierd.