Weppers tiisdei 31-3

Ferkeapjen m2´s keunstgers!
30 maart 2015
Tydlike oplossing trainingsfjild!
31 maart 2015

Gjin trainen
Y.f.m. de hurde wyn giet it trainen fan SDS 2, D1, D2, D3, E3 en E5 hjoed net troch.

Komplimenten
Fansels is it eltse sneon wer hiel spesjaal om te sjen hoefolle frijwilligers harren ynsette foar SDS. Dit kear gean ús komplimenten dochs spesjaal efkes nei Paul Walstra dy ’t neidat hy de froulju fan Vr.1 koacht hie ek noch efkes bar draaien gie. Sjapoo!

Bartsjinst
Kommende sneon spilet SDS 1 thús de derby tsjin Mulier 1. Dan sille de mannen fan SDS 1 helpe efter de bar en de musyk en it Draaiend Rad regelje. Dat wurdt fêst gesellich!

Keunstgers op trainingsfjild
Al aardich wat lju hawwe harren oanmelden om moarn te helpen om út Drachten it twaddehands keunstgers op te heljen (sjoch
Ferslach SDS B1 – Hurdegryp B1 

Ôfrûne sneon stûn de wedstriid tsjin Hurdegryp op t programma. Op papier moasten we dit seker winne omdat Hurdegryp stiif ûnderoan stiit mei mar 1 puntsje. Wouter joech foar de wedstriid ek goed oan dat ûnderskatting net oan de oarder wêze moast. De wedstriid begûn een bytsje rommelich en we krigen nei ûngefear 10 minuten wol grip op de wedstriid. D’r waard mei flagen echt goed fuotbal spile mei goeie kombinaasjes. Nei een pear kânsen kamen wy op de terechte 1-0 foarsprong die makke waard troch Habtamu. Wiebe Vellenga kaam mei opstomen fanôf de ferdediging en gong de kombinaasje oan mei Watze. Dizze tikki-takki kombinaasje soarge derfoar dat Watze in sjitkâns kryg. Dizze bal waard keart troch de keeper en kaam foar de fuorten fan Habtamu die de bal behearst yn t lege goal skeat. Wy hienen dêrnei folledige kontrole oer de wedstriid . Dit resultearre dêrtroch ek tot de 2-0 fan Habtamu nei een hiel soad gemiste kânsen fan ús kant. Yn de rust waard d’r dan ek oanjûn dat we gewoan sa troch moasten gean, net fersake moasten en wat skerper foar de goal wêze moasten. Al gouw nei de rust sette een spiler fan Hurdegryp de bal foar mar dizze bal belâne de krúsing yn. Dit wie een lyts klapke en we wisten dat we even oansette moasten. Eigenlijk is Hurdegryp dêrnei hast net mear oer ús helte west. Dit oansetten soarge eigenlijk foar een doelpuntenrein. It waard úteinlik 7-1 troch noch 5 goals fan Matthijs, Habtamu en Yward. Matthijs makke de hjirfan 2, Habtamu ek nog 1, Yward 1 en Jorrit V 1.

Frank Bervoets

Alderaardichst
Mocht Frans Munsterman nochris skorst wurde dan kin hy it fuotbaljen altiten noch folgje fanút de pjutteseal boppe-yn it gebou fan de Skoalleseize:
View image on Twitter

Harsens derby (1465)
Ien fan de beide wepmasters hie dan ek graach sjoen dat Henry by Ajax fuotbaljen kaam, mar dat mocht spitich genôch net sa wêze……