Weppers tiisdei 30-10

Foto’s Meinte Sixma-toernoai
29 oktober 2012
Weppers woansdei 31-10
30 oktober 2012

Skoalleseize
De fjilden binne keurd hjoed. Der kin hjoed net traind wurde . Alles is ôflast.

Gjin trainen, mar……
– De A-, B- en C-seleksje hawwe fannejun gjin trainen. De fjilden binne te wiet.
– De B- en C-selektie traine moarn 31-10-2012 fan 20:30 – 22:00 oere yn de seal yn Easterein.
Allegear efkes in eurootsje meinimme.

Oflast

It is wat mei de trainingsfjilden troch al dat reinwetter. Dêrtroch is it wurd “ôflast” trending topic om yn twitter termen te praten.
Wij besykje de berjochten fan ôflaste trainingen dy’t wij fia de mail of fia twitter trochkrije sa gau mooglik te pleatsen. Wij riede dan ek elknien oan om op de side te sjen bij de weppers mar ek op de foarside bij de twitters te sjen. Soms stiet it dêr noch earder as op de side.

Op kontrabas
Wij kinne him as skiedsrjochter, as dammer, as jaaier, as neisoarger, mar no ek as muzikant. Sjoch
hjir

Ledengearkomst
Op 7 novimber is de ledengearkomst fan SDS. De wurklist fan dit barren stiet yn de Treffer.  

Djiptepunt
Johan Delfsma docht it net al te best yn de SDS-League. Lokkich genôch docht hy oan mear spultsjes mei:
Ik ben bang dat ik een dieptepunt bereik in al die jaren SDS league. Maaaaaar mijn aandacht gaat meer naar deze ranglijst!

Harsens derby(876) 
It is miskien ek wol aardich as der by SDS nochris in SDS-frouljussealteam komt. Wy meie dit namelijk wol lije.


Letter miskien wol mear!