Weppers tiisdei 3-11

SDS League: 3 teams pakke wykpriis!
3 november 2009
Weppers woansdei 4-11
4 november 2009

Unike foto

Der binne foto’s en foto’s. Wij hawwe bij SDS net te klaaien oer de foto’s dy soms makke wurde. Mar fotograaf Evert Zwier fan Mulier makke wol in hiel bijsûndere foto: Gerlof Jan Hofstra sil bliid wêze dat syn wrâlddoelpunt tsjin Mulier 3 sa moai yn byld brocht is. At je op de foto klikke, dan kinne je je it noch better sjen. En at je dan goed sjogge, dan is it wier wat jim tinke: it is in eigen doelpunt út in korner dy’t “prachtich” ynkopt wurdt.

Onbekende skorende spiler socht
SDS 1 hat dit jier noch net in protte doelpunten makke. In skorende spits soe dan ek wol handich wêze. No kamen Jaap Toering en Skelte Anema op Voetbalnoord de topskoarderslist alle tiden fan SDS tsjin. Dêr stiet in ‘onbekende speler’ dy’t seis doelpunten makke hat foar SDS. Harren fraach: “Wa is dy ‘onbekende’ en fuotballet hy noch?”
Wa ’t it wit mei maile nei
info@vv-sds.nl.
Dit is de list:
 
Klik op de list om him better besjen te kinnen.

Ferslach SDS 6 fuort 
Het verslag van SDS 6 is zaterdagnacht op gekke wijze gestolen/ verdwenen. Het verslag wordt nu herschreven. De dader was waarschijnlijk een schaars geklede vrouwelijke politie agente.
Deze was aanwezig op de bewuste avond tussen 23.00/-23.30. Helaas ontbreekt elk spoor. 
Vriendelijke Groet,
Anoniem (dit om boze reacties van teamgenoten te voorkomen).

Wwoofen
Wij krigen wer in nijsberjocht fan Tsjeard Halbersma en freondinne Jannie. Jim kinne
hjir wer wat lêze en sjen fan harren avontoeren oan de oare kant fan de wrâld.

Leech
Ôfrûne snein spile Ajax thús tsjin Feyenoord sûnder dat der Feyenoordsupporters oanwêzich wienen. Mei de goal fan Landzaat wie der dan ek folle libben op de tribunes. Miskien wie dit in ideetsje west foar Landzaat om syn goal te fieren: