Evenementen in december 2022

Weppers tiisdei 3-11
3 november 2009
Weppers tongersdei 6-11
4 november 2009

Giet net troch
It trainen fan SDS B1 giet jûn net troch. Spilers dy ’t dochs traine wolle, kinne mei de A’s meitraine.
Ab


Webside bestiet 7 jier!
Hjoed eksakt 7 jier lyn gie de SDS-webside foar it earst de loft yn.

Jierdei
Anne Stenekes is hjoed jierdei! Hy is 31 jier wurden. Fan herte lokwinske!

SDS-Famkes oefenje
It famkesfuotbal is yn opkomst by SDS. Ûnder lieding fan Sieta Tessemaker binne der op moandeis steeds mear famkes oan it trainen. Nei de winterstop wurdt der besocht in famkes 7-tal op te jaan by de KNVB om sa yn kompetysje-ferbân spyljen te gean. Foar de TC in reden om foar dizze fuotbalsters in oefenwedstryd de organisearjen.
Woansdei 4 novimber om 18.30 oere sil der oefene wurde yn Snits tsjin de Waterpoortfamkes. De famkes wurde om 17.45 oere ferwachte by de Skoalleseize.
  

Oerienkomst

Wat is de oerienkomst tusken de famylje Bergsma yn Easterein, de famylje Yntema yn Easterein en de famylje Hendriks yn Lollum? Mail nei ús adressen.

Woansdeitejûn sealfuotbaljûn
SDS 1 moat jûn sealfuotbalje op Urk. Sy dogge dit mei de folgende spilers: Jaap, Tsjipke, Feite, Tseard, Jildert, Peter en Freek(makket syn debút).
SDS 2 spilet om 20.30 thús tsjin Blauw-Wit ’34 7.

Yn ‘e war
Moandeitejûn is Wessel Wijnja(F4) nei de training thúskaam mei mear klean dan dat er meinaam hie. It die bliken dat syn mem (y.f.m. har jierdei) syn tas net hielendal goed klearmakke hie en ferjitten hie der in skjinne trui foar nei de training yn te dwaen. De “BOB” (“Behelpsum by Oanklaaien en BOB”) socht foar Wessel in oantal kleanstikken byelkoar en hat Wessel in trui en T-sjurt jûn. Wessel tocht dat it in âlde trui en sjurt fan syn broer wie  en hat it mar oan dien en meinaam. Thús koe eltsenien der wol om gnize, mar Wessel seker net. Hy fynt no dat syn mem noch hiel faak syn tas ynpakke moat, de smoarge fuotbalwosk dwaan en de fuotbalskuon poetse foar ’t hy hjir oerhinne groeit is…… Dat dit efkes duorje kin sjogge wy oan de Haitsma’s…..
Wa ’t no in  bordeauxreade trui mei giel/creme kleurige streep en blauwe mouwen en/of in T-sjurt fan “England” mei nr. 6 mist mei wol efkes skilje nei de fam. Wijnja: till. 332758.

Toupetje
Binne der ek fuotballers bij SDS mei in toupet? Pas mar op want dan kin it mâl gean. Sjoch
hjir.

SDS League
Juster melden wy noch dat der net in coach yn de SDS League is dy ’t Pantelic opsteld hat. Terjochte krigen wy hjir al gau reaksje op:
Ik he Pantelic wol yn ‘e SDS-League en dat bleek een roech gokje. It is altyd Suarez wat de klok slaat by Ajax, mar dit wykein levere Pantelic eindelyk wat puntsjes op!! Wol jammer is dat Van Dijk(FEY) ek yn myn team sit. Yn totaal net echt opsjitten dus:( Suarez hie oan my ek wol foar in pear wedstriden skorst wurde mochten troch syn elleboogje…)
groeten Sytse
coach team Sytsinho

Studio Spaan
Ein jierren 90 hie Henk Spaan mei Erik van Muiswinkel en Diederik van Vleuten in alderaardichst programma op de tillevysje by de VARA. Wy soenen it dan ek net ferfelend fine as dit programma der ynkoarten wer foarkomt (klik
hjir).

Beste goal
24 jier lyn makke Jan Mölby(ex-Ajax) foar Liverpool de winnende goal yn de Milk-Cup tsjin Manchester United. Dit wie in prachtige goal, mar om ’t de BBC doe staakte hat de goal nea op tillevysje west. No nei 2 jier komme der plots bylden boppe wetter dy ’t makke binne troch plysjekamera’s en wy moatte sizze dat de goal der seker wêze mei: